FAQ

Algemien

Wat kostet it?

De metoade kostet € 5,90 de learling  it jier. De skoalle kriget fan de Provinsje de learling it jier sa’n € 6,50 foar de oanskaf fan learmiddelen (MIF: Materiële Instandhouding Fries).

Binne de MIF-jilden tarikkend?

De Provinsje jout elke skoalle yn Fryslân alle jierren in bedrach foar it oanskaffen fan Fryske learmiddelen (MIF: Materiële Instandhouding Fries). Dat is sa’n € 6,50. De kosten fan de metoade falle dus binnen it budzjet dat de skoalle dêrfoar kriget.

Kin de metoade ek sûnder tablets brûkt wurde?

Ja, dat kin. De metoade kin op in soad manieren brûkt wurde. Digitaal kinne learlingen wurkje op tablets, kompjûters en laptops. Dat soe sels thús kinne. De dosint kin ek ienfâldich printsjes meitsje fan lesmaterialen, of fan tema’s, sadat de learlingen op papier wurkje kinne.

Moat elke learling in tablet hawwe om mei Spoar 8 te wurkjen?

Nee, dat hoecht net. As der yn in klasse in pear tablets, kompjûters of laptops binne, kinne de learlingen dêr om bar mei wurkje. De “klasse-organisaasje” wurdt ek beskreaun yn de dosintehantlieding.
Fierder kin de dosint ek ienfâldich printsjes meitsje fan lesmaterialen, of fan tema’s, sadat de learlingen dêrmei wurkje kinne.

Moat foar elke learling betelle wurde?

Ja, de priis fan de metoade is ôfhinklik fan it tal learlingen dat mei SPoar 8 wurket. De priis is bewust oan de lege kant om it foar de skoallen betelber te hâlden. Ek as net alle learlingen digitaal wurkje mei de metoade, jildt de priis per learling.


 

Underbou

Wat binne de foardielen fan dizze metoade yn fergeliking mei Studio F?

It grutste foardiel foar de ûnderbou is dat de metoade mei 54 tema’s wurket, oanslutend by Nederlânsktalige metoaden en by de manier fan wurkjen yn de ûnderbou. Noch nea earder wie der safolle Frysk digitaal materiaal op sa’n ienfâldige wize beskikber.

Fierder betsjut digitaal wurkjen dat de dosint it programma sels oanpasse en oanfolje kin. De dosint is yn dy sin mear ‘baas’ oer de eigen lessen. En fansels hat de dosint mei Grip, it evaluaasjesysteem Frysk, in hiele set mei toetsen en evaluaasje-ynstruminten om de taalûntwikkeling fan de learlingen te folgjen. Dit wurdt dien op basis fan it referinsjeramt Frysk (rrF), dat ek brûkt wurdt foar de learlinen yn de metoade.

Moatte wy yn de ûnderbou ek per learling betelje?

Ja, de priis fan de metoade is ôfhinklik fan it tal learlingen dat mei SPoar 8 wurket. De priis is bewust oan de lege kant om it foar de skoallen betelber te hâlden. Ek as net alle learlingen digitaal wurkje mei de metoade, jildt de priis per learling.

Binne/komme der ek materialen foar de learlingen fan de ûnderbou om bygelyks mei de tablet oan te wurkjen?

Ja, dêr wurdt oan wurke. No al kin de dosint ferhaaltsjes of filmkes op it digiboerd of op in tablet klearsette foar de learlingen om mei te wurkjen. Per tema komme der ek ynteraktive materialen, sa as in ynteraktive praatplaten en ferbiningsoefeningen. Dit soarte fan materialen sil meikoarten tanimme .

Wat binne de belangrykste kenmerken?

Spoar 8 foar de ûnderbou wurket tematysk en slút oan by de eardere Studio F-tema’s en by de oanpak fan oare bekende ûnderbou-metoaden (lykas Schatkist en Kleuterplein). Der binne mear as 50 tema’s, lykas: de seizoenen, de ferskillende feesten en it lichem. Spoar 8 jout boppedat tagong ta mear as tûzen ferhalen, ferskes, opsisferskes, printeboeken en filmkes. Yn de foarm fan lessuggestjes wurdt in grut tal ideeën jûn om mei de learlingen oan en yn it Frysk te wurkjen. Dy suggestjes binne keppele oan de taaldoelen fan it referinsjeramt Frysk (rrF).

 

Midden- / Boppebou

Wat binne de belangrykste kenmerken fan Spoar 8 mb/bb?

Spoar 8 mb/bb is foar de groepen 5-8 (ek brûkber foar groep 4) en wurket mei de bekende tema’s fan Studio F (lykas ‘Feest’, ‘Natuer’ en ‘Technyk’). Nij is dat der twa differinsjaasjenivo’s binne (ynstee fan fjouwer) en dat de metoade folslein digitaal te brûken is. De ûnderdielen stavering, wurdskat en grammatika wurde oanbean fia de game Meunstertún, wêrmei’t learlingen yndividueel en op harren eigen nivo wurkje.

Wat binne de foardielen fan dizze metoade yn fergeliking mei Studio F?

Yn de midden- en boppebougroepen kin tematysk mei Spoar 8 wurke wurde. De dosint kin kieze oan watfoar opdrachten as er wurkje wol. Dat kinne ienfâldige opdrachten wêze of opdrachten dy’t wat mear organisaasje nedich hawwe. Der binne dus twa differinsjaasjenivo’s. Digitaal wurkje mei de Meunstertún betsjut dat learlingen op eigen nivo en yn eigen tempo oan stavering en grammatika wurkje. Foar de midden- en boppebou wiene der noch nea safolle digitale learmiddelen beskikber, dy’t ek ynset wurde kinne by oare fakken.

Fierder betsjut digitaal wurkjen dat de dosint it lesprogramma oanpasse en oanfolje kin. De learkrêft is yn dy sin mear ‘baas’ oer de eigen lessen. En fansels hat de dosint mei Grip, it evaluaasjesysteem Frysk, in hiele set mei toetsen en evaluaasje-ynstruminten om de taalûntwikkeling fan de learlingen te folgjen. Dit wurdt dien op basis fan it referinsjeramt Frysk (rrF), dat ek brûkt wurdt foar de learlinen yn de metoade.

Wat is Meunstertún presys?

Meunstertún is in digitale game wêrmei’t learlingen yndividueel en op harren eigen nivo wurkje oan de stavering, wurdskat en grammatika. Yn de game binne de spilers ferantwurdlik foar in soarte fan bistetún, mar dan mei meunsters. Dy meunsters hawwe allegearre winsken; sa wolle sy boeken lêze, nei muzyk lústerje of iten hawwe. As sy dat net krije, wurde sy ûntefreden. Om dat allegear te regeljen foar de meunsters, moatte de learlingen taalgames spylje.

De learling wurket oan saken as: koarte en lange lûden; twalûden; rymje; wurdskat; sprekwurden en synonimen; tiidwurden; sinsûntleding en skriuwen. Grammatika- en staveringsregels wurde útlein en nei elke oefening wurdt útlein wat der eventueel fout gien is. De learkrêft kin de fuortgong fan de learlingen byhâlde fia it ûnderdiel ‘Resultaten’ en dêr sjen wat goed en fout giet.

Is Meunstertún in ferfanger foar it staveringsboekje (is der ynstruksje yn Meunstertún)?

Meunstertún is in digitale game dêr’t learlingen yndividueel en op harren eigen nivo wurkje oan de stavering, wurdskat en grammatika fan it Frysk. Alles wat earder yn de staveringsboekjes behannele waard, en mear, sit no yn dizze game.

Yn de takomst sil der yn Spoar 8 noch mear útlis komme foar de learlingen oer de stavering en grammatika; sy kinne dat dan brûke foar it spyljen fan de Meunstertún.

Wurket Spaor 8 op de Snappet-tablets?

Ja en nee. Der binne skoallen dy’t mei Spoar 8 wurke hawwe mei de Snappet-tablets. Dat giet soms wol goed, mar soms ek net. De nijere en gruttere Snappet-tablets (10 inch) wurkje better. Fierder freget it digitaal wurkjen om in goeie WiFi-ferbining.
De ûnderfining wiist út dat Meunstertún oer it algemien net goed wurket op de Snappet-tablets. De Afûk wurket noch oan de ferbettering fan de ‘performance’ en sil de websiden noch ‘lichter’ meitsje, wêrtroch’t it wurkjen mei dizze tablets ferbettere wurdt.

Moatte wy sels materialen printsje?

Ast in tal kompjûters/tablets ta dyn beskikking hast, soene learlingen ek (diels) digitaal wurkje kinne. Foar alle tema’s binne der lykwols ek printferzjes fan it materiaal foar de learlingen. De organisaasje fan hoe’t dat wurkje kinne soe, wurdt útlein yn de dosintehantliedingen by de tema’s.

Wat is de opbou fan de lessen fan Spoar 8 mb/bb?

Yn fjouwer wiken wurdt hieltyd binnen ien haadtema (b.g. ‘Feest’) ien ûnderwerp (b.g. ‘Merke’) behannele. Yn les 1 jout in ‘flogger’ yn in koart filmke in yntroduksje en stelt de klasse in fraach (b.g. ‘Hoe sjocht in attraksje derút?’). De learlingen geane yn les 2 en 3 mei dizze opdracht oan ’e slach en yn les 4 is der in slotaktiviteit. Yn les 2 en 3 wurdt fierder wurke oan it yndividuele wurk om it tema hinne (digitaal of op papier) en mei Meunstertún (digitaal).

Hoe wurkje ik mei in kombinaasjegroep?

De learkrêft kin kieze wêr’t hy of sy mei oan ’e slach wol. De tema’s en opdrachten binne foar meardere learjierren geskikt. By in kombinaasjegroep 5-6 kin yn ien jier de metoade foar groep 5 brûkt wurde en yn it jier dêrnei it materiaal fan groep 6.

Kinne alle learlingen selsstannich wurkje of is der in mienskiplik ynstruksjemomint?

It lesmateriaal fan Spoar 8 bestiet út in miks fan wurkje mei de hiele groep, selsstannich wurkje en gearwurkje. Yn de earste les fan elke fjouwer lessen wurdt mei de klasse sjoen nei in filmke wurdt de opdracht/útdaging bepraat. Yn lessen 2 en 3 wurdt dan selsstannich wurke (b.g. mei Meunstertún), mar wurdt der ek yn groepkes wurke oan de útdaging. Yn de fjirde les is dan de presintaasje fan dy opdracht.

Is differinsjaasje mooglik?

Spoar 8 hat ferskillende mooglikheden om te differinsjearjen. Wat de stavering en grammatika oangiet, wurkje de learlingen mei de edukative game Meunstertún op harren eigen nivo en yn harren eigen tempo. Foar de groepsaktiviteiten binnen it tema binne der twa nivo’s foar it yndividuele wurk foar de lessen 2 en 3. Yn de eardere Studio F-metoade wiene dat fjouwer nivo’s. Nivo Giel is yn Spoar 8 mear reseptyf (foaral prate en lêze en wat ienfâldiger) en Nivo Blau hat mear produktive aktiviteiten (mear skriuwe en is wat dreger). Dizze differinsjaasjes binne ienfâldich ta te wizen oan groepkes learlingen, bygelyks oan de Frysktaligen en Nêderlânsktaligen, oan de mear en minder talige learlingen of oan learlingen yn ferskillende groepen.

Kin ik as dosint sjen wat myn learlingen dien hawwe?

Yn it ûnderdiel ‘Resultaten’ wurdt byholden wat de learlingen dien hawwe: hoe lang hawwe se ergens oan wurke en wat wie it resultaat? De dosint hat teffens de mooglikheid om in reaksje te jaan of in sifer.

Hoe sit it mei de einopdracht foar elk tema?

Foar elk subtema (b.g. ‘Merke’ binnen it tema ‘Feest’) binne der twa einopdrachten. Kies foar in Tramopdracht (wat ienfâldiger om te organisearjen) of in Treinopdracht (krekt wat mear wurk, mar faak in wat mear autentike taaltaak). De learlingen geane yndividueel of yn lytse groepkes mei dizze opdracht/útdaging oan ’e slach. Der kin foar keazen wurde om mei de hiele klasse mei óf de Tramopdracht óf de Treinopdracht oan ’e slach te gean. De dosint kin de learlingen natuerlik ek sels kieze litte wat se dwaan wolle.

 

Groep 3 -4

Kinne wy Spoar 8 ek brûke foar groep 3 en 4? Hoe dan?

Ja, dat kin. Spoar 8 is yn earste ynstânsje yn pilofoarm útprobearre op ferskate skoallen. Dosinten fan de groepen 3 en 4 hawwe doe ek mei it digitale lesmateriaal wurke.

It tematysk wurkjen fan de ûnderbou slút trochstrings oan by hoe’t der yn groep 3 en 4 wurke wurdt. Omdat der safolle materiaal beskikber is, binne der foar de measte tema’s ek learmiddelen dy’t foar dizze groepen ynset wurde kinne.

Spesifyk foar groep 4 soe ek it lesmateriaal fan de midden- en boppebou brûkt wurde kinne. Benammen yn kombinaasjeklassen mei (û.o.) groep 5 is dat goed te dwaan.

Wannear komt it nije materiaal foar groep 3 en 4 beskikber?

De Afûk is mei de Provinsje yn oerlis oer de ûntwikkeling fan it metoade-oanbod spesifyk foar groep 3 en 4. Wy sette ús derfoar yn dat wy yn 2016 in begjin meitsje kinne mei de ûntwikkeling fan dit nije materiaal. De earste lesmaterialen sille net earder as nei de simmer fan 2017 beskikber komme.