Spoar 8 midden- en boppebou

  • bestiet út searjes fan 4 lessen mei tema’s lykas Feest, Natuer en Technyk;
  • hat 2 differinsjaasjenivo’s en betsjuttingsfolle einopdrachten;
  • mei û.o. flochs en edukative games

Foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen 27-01-2016 Leeuwarden Afuk PCBO Wilhelminaschool Fryske lesSpoar 8 foar de midden- en boppebou wurket mei tema’s lykas Feest, Natuer en Technyk. Yn fjouwer lessen wurdt in tema behannele. Alle tema’s begjinne mei in yntroduksjeles. Yn dizze les besjogge de learlingen it filmke fan de flogger en wurdt de einopdracht fan it tema útlein. De learkrêft kin yn alle tema’s kieze út twa einopdrachten: de Tramopdracht en de Treinopdracht. Oan de einopdrachten hingje de taaldoelen fan it referinsjeramt Frysk (rrF). Yn it rrF wurdt byholden oan hokker taaldoelen oft wurke is. De learkrêft is frij om te kiezen foar Tram- of Treinopdracht.

Yn les 2 en 3 wurkje de learlingen selsstannich oan opdrachten dy’t passe by it tema. Der binne opdrachten foar learlingen dy’t wat minder thús binne yn it Frysk en opdrachten foar learlingen dy’t wat better thúsbinne yn it Frysk. Alle ûnderdielen fan les 2 en 3 kinne digitaal – op kompjûter of tablet – makke wurde. Ek is der de mooglikheid om de opdrachten te printsjen.

Yn les 4 wurdt de einopdracht presintearre en wurdt it tema ôfrûne. Der is in grut ferskaat oan einopdrachten. Sa meitsje de learlingen in keunstwurk nei oanlieding fan in printeboek, hâlde se in ynterview mei in sporter, teste se in museum, fiere in eksperiment út, skriuwe in resept, geane op ’en paad yn de buert en noch folle mear.

MeunstertúnBy Spoar 8 foar de midden- en boppebou heart ek de edukative game ‘Meunstertún’. Yn dizze game moatte de learlingen de meunsters yn harren eigen meunstertún fersoargje. As de meunsters tefreden binne, komme der mear besikers yn de tún en krijt de tún mear meunsters. Om de meunsters tefreden te hâlden, moatte de learlingen wurdskat-, grammatika- en staveringsopdrachten meitsje. De game is adaptyf en sa wurkje de learlingen allegear op harren eigen nivo. By de Meunstertún is ek in ynstruksjeprogramma. Dêryn kinne de staveringsregels noch in kear apart behannele en oefene wurde. Dit kin klassikaal mei it digiboerd of yndividueel achter kompjûter of tablet. Sa kinne de learlingen noch better op harren meunsters passe.

Spoar 8 foar midden- en boppebou hat tema’s foar groep 5 o/m 8. Mar mei lytse oanpassingen kinne ek de learlingen fan groep 4 oan de slach mei de tema’s en de Meunstertún.

It filmke hjirûnder lit sjen hoe’t Spoar 8 foar de midden- en boppebou derút sjocht en hoe’t der mei wurke wurdt.

Sjoch foar mear ynformaasje by de fraach en antwurd of nim kontakt op mei de Afûk.