Spoar 8 ûnderbou

ub

  • slútoanbyoareûnderbou-metoaden, sa as Schatkist en Kleuterplein;
  • mei tema’s, sa as de seizoenen, de ferskillende feesten en itlichem;
  • jout tagong ta talleazeferhalen, ferskes, printeboeken, filmkes en taalaktiviteiten.

Spoar 8 foar de ûnderbou is hielendal tematysk fan opset. Yn de lessebouwer kiest de learkrêft in tema út sa’n 50 beskikbere tema’s. Tink dêrby oan tema’s rûnom de seizoenen, iten en drinken, feestdagen, it lichem en sa noch folle mear. Sa kin de Fryske les altyd oanslute by it tema dêr’t yn de klasse al oan wurke wurdt, bygelyks mei de oare bekende ûnderboumetoaden lykas Schatkist en Kleuterplein. Binnen de tema’s binne mear as tûzen Fryske ferhalen, ferskes, opsisferskes, ynteraktive praatplaten, printeboeken en filmkes beskikber. Yn de lessenbouwer binne materialen te finen foar groep 1 o/m 4. De learkrêft kiest sels de materialen dy’t oanslute by it nivo fan harren groep.

By de tema’s wurde ek taalaktiviteiten oanbean. De taalaktiviteiten jouwe ideeën om mei de learlingen oan en yn it Frysk te wurkjen. Oan de taalaktiviteiten binne de taaldoelen keppele fan it referinsjeramt Frysk (rrF). Yn it rrF wurdt byholden oan hokker taaldoelen de learlingen wurke hawwe. Sa wurdt de Fryske les leuk en ferantwurde!

It filmke hjirûnder lit sjen hoe’t Spoar 8 foar de ûnderbou derút sjocht en hoe’t der mei wurke wurdt.

Sjoch foar mear ynformaasje byfraach en antwurd of nim kontakt op mei de Afûk