Ymplemintaasje

As jim skoalle beslút om mei Spoar 8 en GRIP oan ’e gong te gean, komme de adviseurs fan Afûk en Cedin tegearre by jim del. Ôfhinklik fan jim startposysje -hawwe jim al of net pilotskoalle west- sille hja dizze earste gearkomste ynrjochtsje op grûn fan jim spesifike fragen. Der is yn alle gefallen in soad tiid ynromme om sels, mei it hiele team, oan ’e slach te gean.

Nei likernôch in perioade fan 3 moannen wurdt der in twadde ôfspraak makke, dy’t benammen rjochte is op útwikseling fan ’e ûnderfinings mei de systemen, it boargjen fan ’e gegevens by Frysk en de toetskalinder.

Oan ’e ein fan it skoaljier sil der dan noch in ôfslutende gearkomste wêze, dêr’t omtinken jûn wurdt oan it analysearjen fan ’e resultaten fan ’e toetsen en it oersetten dêrfan nei it lêsoanbod.

Fansels wurdt de krekte ynfolling fan it “trajekt” yn oerlis fêststeld.