Lessesearjes

Lessesearjes

Groep 5-8

Lear dyn learlingen harkjen, praten, lêzen en skriuwen yn it Frysk mei koarte tematyske lessesearjes. Wurkje oan hieltyd 4 lessen en slút in lessesearje ôf mei in grutte talige einopdracht.

Organisaasje en Differinsjaasje

Acht oansprekkende tema’s foar alle groepen.

De tematyske lessesearjes fan hieltyd 4 lessen binne frij yn folchoarder te kiezen en passe altyd by in tema dêr’t yn de klasse al oan wurke wurdt. Yn les 1 wurdt it tema yntrodusearre mei in teaser en is der alfêst omtinken foar de einopdracht.

Wreidzje kennis en wurdskat út mei tematyske opdrachten.

Yn les 2 en 3 fan de lessesearje wurkje learlingen selsstannich oan tematyske opdrachten. De giele opdrachten binne foar learlingen dy’t wat minder thús binne yn de Fryske taal. Mear taalfeardige learlingen kieze foar de blauwe opdrachten. It ferskil sit ’m foaral yn de ferwurking fan de opdracht.

Ynstruksjes yn it Frysk en Nederlânsk, audiofragminten en in automatyske fertaalfunksje helpe de learlingen om opdrachten goed te begripen.

Wurdt it in Tramopdracht of in Treinopdracht?

Slút in lessesearje ôf mei in grutte talige einopdracht yn les 4: in tramopdracht of in treinopdracht. Tramopdrachten binne wat ienfâldiger te organisearjen, wylst treinopdrachten harren yn in mear taalechte situaasje ôfspylje sille. Jouwe de learlingen bygelyks in presintaasje yn de klasse of geane jim mei syn allen op ekskurzje?

Meitsje de kar tusken in Tramopdracht of in Treinopdracht fanút de lessesearje of sykje in einopdracht mei bybehearrende lessesearje by de doelen út it referinsjeramt Frysk (rrF).

Tsjek automatysk yn op it Referinsjeramt Frysk (rrF).

Utfierde tram- en treinopdrachten wurde automatysk registrearre yn it referinsjeramt Frysk (rrF). Sa hast altyd in aktueel oersjoch fan de taaldoelen dêr’tst oan wurke hast en bist wis fan in beredenearre oanbod.

Evaluaasje

Lit learlingen harren reis sels evaluearje.

Learlingen evaluearje yn les 4 selsstannich de makke Tram- of Treinopdracht oan ’e hân fan ferskillende ‘ik kin’-bewearingen. Sa krije learlingen mear eigenerskip oer it learen fan de Fryske taal. Selsevaluaasjes kinne dien wurde yn it Frysk of yn it Nederlânsk.

Observearje oft learlingen it Frysk behearskje.

Grip biedt ferskillende metoade-ûnôfhinklike observaasje-ynstruminten dy’t helpe kinne om in goed byld te krijen fan de yndividuele taalûntwikkeling fan alle learlingen.

Krij ynsjoch yn alles wat learlingen dogge ûnderweis.

Besjoch yn it resultate-oersjoch hoe’t learlingen wurkje oan de tematyske opdrachten. En beoardielje dêr de útkomsten fan de selsevaluaasjes dy’t de learlingen yn les 4 ynfolle hawwe.

Didaktyk

De Fryske taal leare yn ‘funksjonele taalsituaasjes’.

Taalûnderwiis is de skeakel tusken de skoalle en de wrâld. Fanút betsjuttingsfolle tema’s leare oer de wrâld om ús hinne en tagelyk Fryske mûnlinge en skriftlike taalfeardichheden ûntwikkelje is dêrom it útgongspunt yn de Lessesearjes. De situaasjes wêryn’t de Fryske taal dan brûkt wurdt, neame wy ‘funksjonele taalsituaasjes’.

Lit learlingen mei ferskillende taalnivo’s gearwurkje yn de Tram- en Treinopdrachten.

Yn de einopdrachten sil der altyd wurke wurde oan meardere taaldomeinen tagelyk. Natuerlike differinsjaasje soarget der dan foar dat learlingen altyd meidwaan kinne op harren eigen nivo en inoar útdaagje om de Fryske taal hieltyd mear én better te brûken. In ûndersykjende en reflektearjende hâlding is dêrby wichtich.