Toetsing en Evaluaasje

Toetsing en Evaluaasje

Groep 1-8

Folgje de Fryske taalûntwikkeling fan alle learlingen en kies út it ferskaat oan metoadebûne en metoade-ûnôfhinklike evaluaasje-ynstruminten fan Grip. Mei it referinsjeramt Frysk (rrF) as útgongspunt bist wis fan in beredenearre taaloanbod.

Ynsjoch yn resultaten

Krij ynsjoch yn alles wat learlingen dogge ûnderweis.

Besjoch yn it resultate-oersjoch hoe’t learlingen wurkje oan opdrachten yn de Lêsline, de Lessesearjes en de Meunstertún. Krij ynsjoch yn it nivo fan de learlingen en besjoch by watfoar opdrachten learlingen bygelyks help nedich hawwe.

Brûk de suggestjes foar remediearjend materiaal by de Meunstertún.

Resultaten fan de Meunstertún wurde útsplitst yn staverings- en grammatikaregels en wurdskat per tema. Blike learlingen ekstra help nedich te hawwen, dan jout Spoar 8 dy as learkrêft suggestjes foar remediearjend materiaal.

Referinsjeramt Frysk

In referinsjeramt om oer it nivo yn Fryske taalbehearsking prate te kinnen.

De saneamde ‘ik kin’-bewearingen yn it referinsjeramt Frysk (rrF) beskriuwe kennis, ynsjoch en feardichheden oangeande de Fryske taal. Dy beskriuwingen foar de mûnlinge en skriftlike taalbehearsking binne opdield yn fiif nivo’s, fan begjinner (A1) oant ekspert (C1).

Tsjek automatysk yn op it Referinsjeramt Frysk (rrF).

Utfierde Taalaktiviteiten yn groep 1-2 en 3-4 en Tram- en Treinopdrachten yn groep 5-8 wurde yn Spoar 8 automatysk registrearre yn it referinsjeramt Frysk (rrF). Sa hast altyd in aktueel oersjoch fan de taaldoelen dêr’tst oan wurke hast. En bist wis fan in beredenearre oanbod.

Grip yn Spoar 8

Fjouwer tuskentiidske evaluaasje-stasjons yn de Lêsline.

Tuskentiidske evaluaasjes wurde dien mei ‘dit kin ik al!’-opdrachten by de fjouwer Lêsline-stasjons. Brûk de metoadebûne toetsen fan Grip om in goed byld te krijen fan de lêsûntwikkeling fan alle yndividuele learlingen.

Selsevaluaasjes by Tram- en Treinopdrachten yn de Lessesearjes.

Oan ’e hân fan ferskillende ‘ik kin’-bewearingen sjogge learlingen mei in selsevaluaasje werom op de makke Tram- of Treinopdracht. Sa krije learlingen mear eigenerskip oer it learen fan de Fryske taal. Selsevaluaasjes kinne dien wurde yn it Frysk of yn it Nederlânsk.

Grip neist Spoar 8

Observearje de mûnlinge en skriftlike taalfeardigens.

Brûk de metoade-ûnôfhinklike observaasje-ynstruminten fan Grip bygelyks by Taalaktiviteiten of Lessesearjes om in goed byld te krijen fan de yndividuele taalûntwikkeling fan alle learlingen.

Toets ek algemiene taalkennis en lêsbegryp.

De Frisia-toets kin as ynstap- en ferfolchtoets brûkt wurde om kennis oer de Fryske stavering en grammatika ynsichtlik te meitsjen. De lêsbegryptoetsen foar groep 5 o/m 8 helpe dy om it begryp fan Fryske teksten by de learlingen te toetsen.

De digitale metoade-ûnôfhinklike toetsen en observaasje-ynstruminten fan Grip kinne fergees brûkt wurde by Spoar 8.