Service & Kontakt

Service & kontakt

Wy helpe dy graach!

Belje

+31 (0)58 234 30 70

Maile

spoar8@afuk.nl

Bestelle

Foar wa bestel ik de metoade?

Bestel de metoade foar in oantal groepen of de hiele skoalle. Alle learlingen hawwe in persoanlik akkount nedich foar Spoar 8.

Betelje foar de learlingen dy’t wurkje mei Spoar 8. Oan de lisinsjes foar learkrêften binne gjin kosten ferbûn.

Kinne meardere learlingen wurkje mei deselfde learlinglisinsje?

Nee. Alle learlingen hawwe in persoanlik akkount nedich foar Spoar 8.
Yn de digitale learomjouwing wurde alle learlingresulaten opslein (en meinaam nei it folgjende learjier). Sa krijst as learkrêft ynsjoch yn alles wat learlingen dogge en leare ûnderweis.

Bestel ik foar groep 1-2 en 3-4 ek per learling?

Ja. Yn groep 1-2 (en 3-4) sille learlingen meer klassikaal as yndividueel wurkje mei Spoar 8. Dochs is de metoade ek foar dizze groepen basearre op it tal learlingen yn in groep.

Oriïntaasje

Demo oanfreegje

As skoalle is it mooglik om in demo oan te freegjen foar Spoar 8. Sa kin it lesmateriaal ris besjoen wurde.

Ynformaasjegesprek op lokaasje

Wy komme graach by jim del op skoalle om mei-inoar de mooglikheden fan de metoade te besjen foar jim skoalle. Meitsje frijblieuwend in ôfspraak troch kontakt op te nimmen mei de Afûk.

Ynhâld fan de metoade

Op de metoadepagina fynst in oersjoch fan alle lesmaterialen dy’t yn Spoar 8 te finen binne.

Ymplemintaasje

Startworkshop

Yn de yntroduksjeworkshop wurdt de basis fan de metoade útlein. Nei in oere kinst as learkrêft fuort mei Spoar 8 oan de slach.

Alle skoallen dy’t de metoade bestelle, biede wy fergees in start- en ferfolchwurkshop oan.

Ferfolchworkshop

Yn in ferfolchworkshop wurdt fierder yngien op de mooglikheden fan de digitale learomjouwing en is der romte foar spesifike fragen.
Yn gearwurking mei Cedin is der dan ek de mooglikheid om te besjen hoe’t Spoar 8 oanslute kin op de fisy en it taalbelied fan de skoalle.

In ûnderwiisadviseur fan Cedin nimt trije moanne nei de startworkshop kontakt op mei de skoalle foar it meitsje fan in ôfspraak.

Ymplemintaasje hânboeken

Cedin hat in handich neislachwurk makke yn de foarm fan in ymplentaasjehânboek. Hjiryn stean, neist de basisskaaimerken fan Spoar 8, ek wurkfoarmen beskreaun. Der is ûnder oare in jierplanning yn opnaam om in keppeling te meitsjen mei de oare fakken dyt’sto oanbiedst.

Ekstra workshop

Is jim skoalle al even ynstapt op Spoar 8? Ek dan komme wy graach nochris del, as der ferlet fan is! Bygelyks om’t jim as skoalle mear út de metoade helje wolle. Of om’t der in soad nije learkrêften binne dy’t noch net earder mei de metoade wurke hawwe.

Nim kontakt op mei de Afûk foar it meitsje fan in ôfspraak.

Ynloggen

Hoe logge learkrêften yn?

Learkrêften logge yn mei in persoanlik akkount.

As learkrêft ûntfangsto in persoanlike koade dy’t keppele is oan dyn e-mailadres. Hasto noch gjin koade krigen? Dan kin de behearder fan Spoar 8 op dyn skoalle der ien foar dy oanmeitsje.

Hoe logge learlingen yn?

Learlingen logge yn fia de groepsynloch. Dêr hawwe learlingen twa plaatsjekoades foar nedich: in skoallekoade (yn plaatsjes) en in groepskoade (yn plaatsjes).

De groepskoade is unyk foar alle groepen en wikselt per skoaljier. As learkrêft kinst de koades fine ûnder ‘Groepsynloch’ yn Spoar 8.

Is der in keppeling mei Basispoort?

Op dit stuit is der gjin keppeling tusken Spoar 8 en Basispoort. Dizze mooglikheid wurdt wol ûndersocht.

Storing en ûnderhâld

De metoade wurket net goed!

Spitich! Dat kin fansels ferskate oarsaken hawwe. Foldocht de apparatuer fan de skoalle bygelyks oan de minimale systeemeasken?

Wy helpe dy graach!
Alle wurkdagen binne wy berykber fia +31 (0)58 234 30 70 of spoar8@afuk.nl.

Wannear wurdt der oan it systeem wurke?

Wy besykje om oanpassingen oan it systeem troch te fieren op mominten dat skoallen der net mei wurkje. Dit betsjut dat ûnderhâld faak plak fynt op jûntiden, wykeins of yn de fakânsjes om oerlêst ta in minimum te beperken.

Systeemeasken

Kompjûter / Laptop

Minimaal
Processor: 2.0 Ghz
Geheugen: 2 GB RAM
Resolúsje: 1024 x 768 pixels
Bestjoeringssysteem: Windows 7, 8.1 & 10
Browser: Google Chrome, Firefox of Edge

Apple tablets

Minimaal
Bestjoeringssysteem: de lêste twa iOS ferzjes
Skermformaat: 7.9 inch
Browser: Safari of Google Chrome

Snapppet

Op Snappet tablets kinst fia in webapp of browser wurkje mei Spoar 8. Wy kinne allinnich net garandearje dat de metoade altyd goed wurkje sil. De tablets, routers en ynfrastruktuer fan Snappet foldocht net oan de minimale systeemeasken.
Benamme by it brûken fan de Meunstertún of it ynloggen kinne der problemen foarkomme.

ICT-infrastruktuer

Bandbreedte per apparaat: 1,5 Mb/s by gelyktidich gebrûk.