Grip

  • toetsing en evaluaasje fan it fak Frysk
  • metoadebûne en metoadeûnôfhinklike evaluaasjeynstruminten
  • jout dy as dosint mear ynsjoch op de fuortgong fan de learlingen

Learkrêften en de ynspeksje wolle graach witte wat de behelle resultaten fan de learlingen op it mêd fan it Frysk binne. Ek learlingen en âlders fine it nijsgjirrich wat op skoalle leard wurdt. Grip is in evaluaasjesysteem wêrmei’t learkrêften de taalûntwikkeling Frysk fan learlingen folgje kinne. Grip bestiet út metoadebûne- en metoadeûnôfhinklike evaluaasjes. Mei Grip kinne learkrêften ynfâldich in passende evaluaasje, lykas in selsevaluaasje, in observaasje of in toets, ynsette en de útkomsten dêrfan byhâlde. Soks biedt de learling en de learkrêft sicht op nij te learen kennis en feardichheden. Dy taalfeardichheden binne op fiif nivo’s beskreaun yn it referinsjeramt Frysk (rrF), mei in útwurke systeem fan ‘ik kin’-bewearingen. Dêrtroch kin de learkrêft ynskatte watfoar nivo de learling berikt hat en it rrF jout teffens ynformaasje oer wat noch better leard wurde kin.

De adviseurs fan Cedin stypje skoallen by it ymplementearjen fan Grip. Yn de begelieding stiet it jaan fan ynformaasje, karren meitsjen en oefenjen sintraal. Skoallen hoege net alle toetsen fan Grip te brûken, op basis fan kennis oer de evaluaasjeynstruminten beslút eltse skoalle sels watfoar evaluaasje-ynstruminten ynsetten wurde om de taalûntwikkeling fan Frysk yn byld te bringen. Cedin biedt ek begelieding foar skoallen oan by it analysearjen fan de skoares en it fertalen fan dy útkomsten nei de lessen.

 

 

Frisian