Ymplemintaasje

As jim skoalle beslút om mei Spoar 8 en GRIP oan ’e gong te gean, dan komme wy graach in kear by jim op skoalle del foar in earste workshop. Yn dizze praktyske workshop litte wy jim sjen hoe’t jim en jim learlingen wurkje kinne mei Spoar 8. Nei de workshop kinne jim yn jim groep los mei Spoar 8.

Binne der nei de workshop noch fragen of rinne jim by it wurkjen mei Spoar 8 tsjin dingen oan, dan kin altyd kontakt opnommen wurde mei de Afûk. Dit kin foar ynhâldlike, mar ek foar technyske fragen. Wy helpe jim graach.

 

Nei ferrin fan tiid, as jim wat bekender binne mei de metoade en der in skoftke mei wurke hawwe,  wolle wy jim graach mear ynformaasje jaan oer it wurkjen mei de toetsen fan GRIP en it boargjen fan de resultaten dêrfan. Dêrfoar sil in nije ôfspraak makke wurde mei Cedin.

Frisian