Boeken

Boekekisten

By Spoar 8 kin in skoalle ek gebrûk meitsje fan in oanbod fan boekekisten. Yn in boekekiste sitte de nijste berneboeken foar learlingen yn ûnder- midden- en boppebou. Ien kear yn de 14 dagen bringe wy boekekisten nei skoallen mei de nijste berneboeken foar de ûnder, midden, -en boppebou. Dizze kisten bliuwe twa wiken stean en wurde dêrnei wer ophelle. Yn dy twa wiken kinne juffen en masters de boeken besjen en eventueel oanskaffe. Oer dizze boeken wurdt letter in rekken stjoerd. De kisten wurde fergees brocht en helle.

As jo fan dizze service gebrûk meitsje wolle (giet wer fan start yn skoaljier 2018-2019), dan kinne jo maile nei Ida Heddema fia i.heddema@afuk.nl of belje 058 – 2343086.
At jo Spoar 8 bestelle en gebrûk meitsje wolle fan de boekekisten dan kin dat oanjûn wurde yn it bestelformulier. Wy nimme hjiroer dan wer kontakt mei jim op.

Ek los fan de metoade kinne skoallen de boekekisten bestelle

Frisian