Oer Afûk Underwiis

Wy wolle learkrêften yn it basis- en fuortset ûnderwiis ynspirearje om it Frysk te brûken yn de wrâld om ús hinne. Dat dogge wy troch ús lesmateriaal tematysk en projektmjittich oan te bieden yn in digitale learomjouwing.

Wat wy dogge

It ûnderwiisteam fan de Afûk makket mei stipe fan de provinsje Fryslân (en yn gearwurking mei Cedin en dosinten út it wurkfjild) de lesmetoaden foar it fak Frysk. Spoar 8 is der foar it basisûnderwiis en Searje 36 foar it fuortset ûnderwiis.

Alle dagen binne wy dwaande mei it ûntwikkeljen fan nij Frysk lesmateriaal en it ferbetterjen fan ús digitale learomjouwingen. It grutte foardiel fan in digitale lesmetoade is ommers dat it hieltyd trochûntwikkele wurde kin.

Wat wy wolle

Wy wolle learkrêften en learlingen ynspirearje om it Frysk te brûken yn de wrâld om ús hinne, want it goed oanlearen fan in taal kriget pas betsjutting yn dy funksjonele taalsituaasjes.

Wy dogge dat troch it lesmateriaal dat wy meitsje foar it basisûnderwiis tematysk en foar it fuortset ûnderwiis projektmjittich oan te bieden, yn in digitale learomjouwing.

Oer de Afûk

Taal is it meast wêzentlike skaaimerk fan de minske. Mei taal kinne wy ús tinzen en gefoelens ûnder wurden bringe, kommunisearje en ús uterje yn alle ekspresjefoarmen.

As Afûk hâlde wy ús dêrom dwaande mei taalpromoasje, taaloerdracht en kultueroerdracht. Wy rjochtsje ús dêrby op de folsleine Fryske mienskip, fan poppe oant âlderein. Dat dogge wy troch in stipepunt te wêzen, fia ûnderwiis en mei ús winkel en útjouwerij.