Learomjouwing ynrjochtsje

In nij skoaljier en in nije start. Dat betsjut dat de digitale learomjouwing fan Spoar 8 (opnij) ynrjochte wurde moat. Dat dochst fan dit skoaljier ôf ienfâldich mei in EDEXML-bestân.

Wat is in EDEXML-bestân?
EDEXML is in standaard foar it útwikseljen fan gegevens tusken ferskate programma’s yn it ûnderwiis.

Wêr fyn ik it EDEXML-bestân fan de skoalle?
In EDEXML-bestân kin eksportearre wurde fanút it learlingadministraasjesysteem.

Stappeplan foar it ynrjochstjen

Stap 1: EDEXML
Begjin mei it meitsjen fan in EDEXML-bestân. Dit dochst fia it learlingadminsitraasjesysteem fan de skoalle. Sjoch foar help oer it meitsjen fan in eksport op de webside fan jim learlingadministraasje systeem. Of nim kontakt op mei de ferantwurdlike oer de administraasje.

Let op!
Meitsje in eksport fan de groepen dy’t gebrûk meitsje fan de metoade Spoar 8.
Meitsje in eksport dêr’t de e-mailadressen fan de learkrêften yn steane. Sa kinne de ynlochgegevens nei it ymportearjen tastjoerd wurde oan de learkrêften.  


Stap 2: Ymportearje gegevens
Klik op de knop ‘Skoalle‘ op it dashboard.

Klik op de melding ‘der is noch gjin EDEXML-bestân ynladen foar dit skoaljier’
Gjin melding? Klik op EDEXML-ynlade yn it menu oan de linkerkant fan de side.

Klik op de plus knop rjochtsûnder
Selektearje it EDEXML-bestân datsto makke hast fanút it learingadministraasje systeem.

Kies foar:

  • Groepen opskjinje
  • Learlingen opskjinje
  • Learkrêften opskjinje.

It EDEXML bestân wurdt ynladen yn it systeem

Stap 3: Tasjoere gegevens oan nije learkrêften
Binne der nije learkrêften dy’t noch net ynlogge kinne by de metoade.
Stjoer harren de ynlochgegevens ta.

Klik op Dosinten yn it linkermenu.
Set in finkje foar de learkrêften en kies boppe oan de list foar Wachtwurden feroarje.
It systeem makket nije ynlochgegevens oan.

Nei it oanmeitsjen fan de gegevens kinst dy gelyk fia de mail tasjoere.
Set hjirfoar in finkje foar de nammen en kies foar Ferstjoer e-mail.
De learkrêften ûntfange in mail mei de nije ynlochgegevens.