Ynteraktive Sykplaten

Groep 1-4

Mei Ynteraktive Sykplaten dochst doelfêst mear mei de Fryske wurdskat. Keimpe de Krokodil leart de learlingen hieltyd 20 Fryske wurden oan.

Keimpe de Krokodil helpt de learlingen te sykjen.
Mei audio-ynstruksjes en omskriuwingen fan de wurden helpt Keimpe de Krokodil de learlingen by it sykjen nei de wurden dy’t ferstoppe binne yn de Ynteraktive Sykplaten. En net allinnich de oansprekkende tekeningen, ek ferskate lûden en animaasjes helpe de learlingen by it jaan fan betsjutting oan de Fryske wurden.

Ynteraktive Sykplaat Biblioteek

Brûk de Ynteraktive Sykplaten klassikaal op it digiboerd of lit learlingen dêr selsstannich mei wurkje op in kompjûter of tablet.
Ynteraktive Sykplaten binne yn te setten as losse aktiviteit, mar ek geskikt as ûnderdiel fan in taalaktiviteit of tematyske les.

Hieltyd 20 nije Fryske wurden.
Alle Ynteraktive Sykplaten binne makke oan ’e hân fan in tematyske wurdlist mei 20 Fryske wurden.