Doch mear mei it Frysk
yn de Berneboekewike
6 o/m 17 oktober 2021
Astronaut, dokter of kok… berne spylje faak wat sy graach wurde wolle. Se wurde ynspirearre troch harren idoalen of helden: in bekende fuotballer, in Youtuber of sjongeres. Boeken binne ek in boarne om de fantasy fan de bern te prikkeljen.
Yn de Berneboekewike 2021 kinsto alles wurde watsto wolst en alfêst dreame oer letter. Doch dat ek mei Fryske berneboeken!
De winskmasine
Wat wolsto letter graach wurde?
Mia wol piraat wurde.
Se kin net wachtsje en begjint alfêst te oefenjen.
En mei de winskmasjine fan Eef kinst wurde watst mar wolst!
Mar: wurket dy wol hieldal sa as it moat?
Troch te lêzen kinst de moaiste aventoeren belibje en lêzen helpt dy ek om dyn taal better te learen en dyn konsintraasje te ferbetterjen.
It Keimpe-lêsboekje ‘De winskmasine’ mei byhearrende lesbrief foar de learlingen fan groep 1 o/m 4 is spesjaal skreaun foar de Frysk Foarlêswike en foar by de Berneboekewike 2021. Wurd seerôver mei Mia, fyn in winskmasine út mei Eef en boartsje en sjong mei de aktiviteiten yn de lesbrief.
Dit boekje is yn de Fryske Foarlêswike (fan 27 septimber o/m 1 oktober) fergees op te heljen yn alle biblioteken yn Fryslân.
Lesbrief
Foar skoallen is dizze lesbrief mei aktiviteiten deryn dy’t heart by it lêsboekje ‘De winskmasine’.
Stap yn op Spoar 8
De haadpersoanen út it boekje ‘De winskmasine’ spylje ek de haadrol yn de Lêsline fan Spoar 8. Keimpe de Krokodil nimt yn de Lêsline de learlingen by de hân en leart se alles oer it Frysk lêzen. Sjoch ek yn de temateek fan Spoar 8 foar ynteraktive sykplaten en mear ferhaaltsjes oer de bern fan de Lêsline.
Noch gjin lisinsje foar Spoar 8? Probearje de metoade trije moanne sûnder ferplichtingen! Spoar 8 kostet €4,95 de learling it skoaljier.
Doch mear mei
Fryske Berneboeken
By it tema ‘Wurde watst mar wolst ’ fynst ek moaie Fryske berneboeken!
Lês se foar yn de klasse of lit de learlingen se sels lêze.
Underbou
Middenbou
Boppebou
Inspirerend meertalig onderwijs
Het thema van de boekenweek 2021 is: Worden wat je wilt. Op de pagina van Inspirerend meertalig onderwijs vind je bij de boeken “Skattich” (onderbouw), “Lindberch” (middenbouw) en “It Deiboek” (bovenbouw) per boek de lessen die hier bij gemaakt zijn.