Digitale learomjouwing fernijd
In nij skoaljier is in nije start. Ek as it om de digitale learomjouwing giet, want der is in soad fernijd!
Filterje foar dyn groep
Loch yn en selektearje de groep(en) dêr’tst mei oan it wurk wolst. De digitale learomjouwing toant dêrnei alle lesmaterialen en learlingresultaten foar dy groep(en).
Sykje it dêr’tst it ferwachtest
Under Learmiddelen fynst alle lesmaterialen út de metoade én de lesssen dy’tsto makke en ynpland hast foar dyn groep.
Under Ynsicht fynst de learlingresultaten fan dyn groep.
Under Skoalle fynst ynformaasje oer dyn groep, bygelyks de plaatsjekoade foar de groepsynloch.
Lit dy ynspirearje
Under Learmiddelen sjochst no fuort de lesmaterialen dy’t nijsgjirrich binne foar dyn groep. Bygelyks om’t se passe by in aktueel tema of de tiid fan it jier.
Plan lessen foar dyn groep
Earder koest lesmaterialen klearsette foar dyn groep.
Dát neame wy no ynplanne, want alle lesmaterialen dy’tsto ynpland hast foar dyn groep fynst no yn in oersichtlik wykoersjoch.
Brûk de EDEXML ymport
It ynrjochtsjen fan de digitale learomjouwing dochst no ienfâldich mei in EDEXML-bestân út it learling-administraasjesysteem.