Lêsline

Groep 3-4

Mei de Lêsline dochst mear mei (technysk) lêzen yn it Frysk. Reizgje mei de learlingen lâns alle Lêslinelessen. Keimpe de Krokodil leart de learlingen yn alle lessen in Fryske ‘letter’ oan.

Didaktyk

De klam leit op it lêzen fan it Frysk
De Lêsline giet út fan wat learlingen al leard hawwe oer it lêzen yn it Nederlânsk. Dêrom stiet it oanlearen fan de Fryske ‘letters’, de ekstra klanken en lêstekens dy’t it Frysk ryk is, sintraal.
It lêzen learen fan de Fryske ‘letters’ wurdt oefene yn ferskillende konteksten, lykas ferbynoefeningen, lústeropdrachten, koarte teksten, flitskaarten en spultsjes.

Lit learlingen tegearre lûdop lêze
Foar de Lêsline binne ferhaaltsjes skreaun dy’t tegearre lûdop lêzen wurde kinne, want tegearre lêze motivearret. Dêrneist leare learlingen kritysker te wêzen op wat se sels lêze en lûdop ferklankje yn it Frysk.

Spoar 8 - Samen lêze yn de Lêsline

De aventoeren fan seis bern, in hûn en in kat
De ferhaaltsjes yn de Lêslinelessen geane oer seis bern, in hûn en in kat. Oan ’e hân fan de aventoeren dy’t dy personaazjes meimeitsje, wurdt it lêzen fan it Frysk oefene. Sa leare learlingen Frysk lêzen fanút harren eigen belibbingswrâld.

Organisaasje

Start mei de Lêsline as learlingen der oan ta binne
Start mei de Lêsline as de elemintêre lêshanneling behearske wurdt. Bygelyks healwei groep 3 of oan it begjin fan groep 4, as de learlingen in jier lêsûnderwiis hân hawwe. Learlingen kinne ek yndividueel mei de Lêsline starte, as se dêr al oan ta binne.

Stap yn mei in startles
Yn de startles wurde de learlingen har derfan bewust dat se mei alles wat se al leard hawwe oer it lêzen yn it Nederlânsk, ek al in hiel soad Frysk lêze kinne. Dêrneist komme de learlingen yn ’e kunde mei Keimpe de Krokodil, de seis bern, de hûn en de kat.

Spoar 8 - Lêsline oersjochkaart

In les bestiet út fjouwer ûnderdielen
Alle lessen begjinne mei in werhelling fan de ‘letter’ út de foarige les. Yn de yntroduksje dy’t folget wurdt de nije ‘letter’ oanbean mei help fan in wurdlist. Dan geane de learlingen mei in tal opdrachten oan ’e slach wêryn’t it lêzen fan de nije ‘letter’ sintraal stiet. Yn de ôfsluting fan de les kinne de wurden mei de nije ‘letter’ noch in kear belústere en lêzen wurde.

Opbou

Ynhâld

Organisaasje

Witst it noch?

Wurdlist mei ‘letter’
foargeande les

Klassikaal of Selsstannich

Yntroduksje

Utlis
Wurdlist
Letterkaart (ophingje)

Klassikaal of Selsstannich

Oefenje

Ferskillende konteksten

Selsstannich

Dit wie dizze les

Wurdlist mei ‘letter’
dizze les

Klassikaal of Selsstannich

In losse Lêslineles kostet 20-30 minuten. De tiid dy’t in les nimt, is fansels ek ôfhinklik fan dyn oanpak.

Keimpe de Krokodil jout ynstruksje
Keimpe de Krokodil jout yn alle Lêslinelessen ynstruksje oer de ‘letter’ dy’t oanleard wurdt en de opdrachten dy’t dêrby hearre. Troch oansprekkende yllustraasjes en audio-ynstruksjes yn it Frysk én Nederlânsk kinne learlingen selsstannich mei de lessen oan ’e slach.

Oandacht foar klassikale ynteraksje
Sykje de klassikale ynteraksje yn de yntroduksje of ôfsluting fan de les. Brûk Keimpe syn koarte útlis, de bypassende wurdlisten en de letterkaarten dy’tst ophingje kinst yn de klasse. Ferken sa mei-inoar de nije Fryske ‘letter’ en oefenje nochris wat earder leard is.

Evaluaasje

Krij ynsjoch yn wat learlingen dogge
Besjoch yn it resultate-oersjoch hoe’t learlingen wurkje oan de opdrachten yn de Lêslinelessen en by watfoar Fryske lûden en lêstekens oft learlingen noch help nedich hawwe.

Fjouwer tuskentiidske evaluaasjestasjons
Nei fiif lessen folget der hieltyd in tuskentiidske evaluaasje. Dy ‘evaluaasjestasjons’ besteane út ‘Dit kin ik al!’-opdrachten, dy’t de learlingen digitaal meitsje, en in ‘Dit kin ik al lêze!’-opdracht, dy’tsto as learkrêft ôfnimst op papier. Mei dy metoadebûne evaluaasjes krijst in goed byld fan de yndividuele Fryske lêsûntwikkeling fan de learlingen.

Spoar 8 - Dit-kin-ik-al-lêze lêstekst en registraasjeformulier by de Lêsline