Meunstertún

Groep 5-8

Mei Meunstertún dochst mear mei Fryske wurdskat, stavering en grammatika yn in game. Altyd op it nivo fan de learlingen, want opdrachten wurde adaptyf oanbean.

Didaktyk

Learline stavering as útgongspunt
De Meunstertún is ûntwikkele op basis fan in learline foar de Fryske stavering. Dy learline bestiet út tweintich nivo’s, wêryn’t hieltyd staveringsregels út ferskillende staveringskategoryen oanbean wurde.

Lit learlingen meunsters fersoargje
Learlingen fersoargje yn de game de meunsters yn harren eigen Meunstertún. Dat dogge se troch it meitsjen fan Fryske wurdskat-, staverings- en grammatika-opdrachten. Wurde de opdrachten goed makke, dan groeit harren reputaasjeskoare. En dat betsjut: mear meunsters yn de tún!

Spoar 8 - Startskerm fan de Meunstertún

Direkte feedback yn opdrachten
Under it meitsjen fan opdrachten wurde de antwurden fuortendaliks neisjoen. Learlingen sjogge sa fuort oft in antwurd goed of fout is én wêrom. Sa leare de learlingen geandewei de Fryske staverings- en grammatikaregels kennen.

Spoar 8 - Direkte feedback yn de Meunstertún

Organisaasje

Learlingen fersoargje harren meunsters selsstannich
Learlingen kinne hielendal selsstannich mei de Meunstertún oan ’e slach op harren tablet of kompjûter. Audiofragminten en ynstruksjes yn it Frysk én Nederlânsk helpe de learlingen om de opdrachten goed te begripen.

Lit learlingen noch better op harren meunsters passe
Lis de Fryske staverings- en grammatikaregels út mei it ekstra oefenmateriaal by de Meunstertún. Brûk it oefenmateriaal as yntroduksje op de game of as remediearjend materiaal, as út de resultaten blykt dat learlingen sels net fierder komme yn de Meunstertún.

Foar alle staveringsregels oefenmateriaal
Mei it oefenmateriaal kinne de learlingen oan ’e slach mei de staveringsregels. It oefenmateriaal begjint hieltyd mei de útlis fan de staveringsregel en dêrnei folgje in tal opdrachten. Yn de ôfslutende opdracht wurdt test oft de staveringsregel behearske wurdt.

Differinsjaasje

Meunstertún is in adaptive game
Learlingen meitsje de opdrachten yn de Meunstertún altyd op harren eigen nivo. De antwurden dy’t learlingen jouwe, bepale oft der mear opdrachten oanbean wurde fan deselde kategory of dat learlingen ta binne oan opdrachten út in folgjend nivo.

Evaluaasje

Krij ynsjoch yn wat learlingen dogge
Besjoch yn it resultate-oersjoch hoe’t learlingen wurkje oan de opdrachten yn de Meunstertún en by watfoar staveringsregels of wurdskatopdrachten oft de learlingen noch help nedich hawwe.

Spoar 8 - Resultaten fan learlingen op de Meunstertún