Learkrêftepanel

Meitinkers socht! Kinsto ús helpe?

It Spoar 8-team fan de Afûk is op syk nei belutsen learkrêften fan alle groepen dy’t dielnimme wolle oan ús learkrêftepanel.

Yn de ôfrûne tiid is der in soad feroare foar it Frysk op skoallen.
It Taalplan Frysk 2030 is der kommen, skoalstipers binne belutsen by skoallen en der binne nije kearndoelen kommendewei.

Om te soargjen dat de metoade op in goede manier trochûntwikkele wurdt en oansluten bliuwt by de kearndoelen en by it ferlet fan de skoallen, wolle wy graach nauwer kontakt hâlde mei de minsken dy’t de metoade brûke. En dat binne jim! Dêrfoar wolle wy graach in learkrêftepanel gearstalle.

Wat docht in learkrêftepanel?

  • 2 à 3 kear yn it jier in gearkomste mei it hiele panel, fysyk of digitaal, om ûnderfiningen útte wikseljen en ynput te jaan oer de metoade
  • Meiprate oer nije ideeën foar de metoade en oare nije materialen
  • Feedback jaan op besteande materialen en nije materialen as earste útprebearje

Hast noch fragen oer it learkrêftepanel?
Mail dan nei spoar8@afuk.frl en dan nimme wy graach kontakt mei dy op!

Dochst mei?

Learkreftepanel