Rûteplanner
Groep 1-8
Mei de Rûteplanner wurkest oan in fêste, kant-en-kleare rûte, slútst oan by tema’s dy’t troch it skoaljier hinne oan bod komme en witst seker datst oan alle taaldomeinen wurkest.
Didaktyk
Slút oan by weromkommende tema’s
De Rûteplanner fan Spoar 8 biedt in rûte mei ûnderdielen yn in bepaalde folchoarder. As de rûte folge wurdt, slút dy ek oan op weromkommende tema’s yn it skoaljier. Tink bygelyks oan ‘De Gouden Wiken’, de seizoenen, weromkommende feesten en de Berneboekewike.
Wurkje oan alle taaldomeinen
Asto de Rûteplanner folgest, dan biedst alle groepen in eigen en farierre oanbod oan en wurkesto oan alle taaldomeinen (harkjen, lêzen, praten, skriuwen en yn petear).
Underdielen Rûteplanner
Mei de Rûteplanner komsto yn dyn Fryske lessen by in ferskaat oan produkten út de metoade Spoar 8 del. Yn de Rûteplanner binne de folgjende ûnderdielen opnommen:
Groep 1-2
Groep 3-4
Groep 5-8
- Taalaktiviteiten
- Boeklessen (lêsaktiviteiten en boekpromoasje)
- GRIP Evaluaasje-ynstruminten (metoade-ûnôfhinklike observaasjeynstruminten)
- Taalaktiviteiten
- Boeklessen (lêsaktiviteiten en boekpromoasje)
- De Lêsline (technysk lêzen yn it Frysk)
- GRIP Evaluaasje-ynstruminten (metoade-ûnôfhinklike observaasjeynstruminten)
- Taalaktiviteiten
- Boeklessen (lêsaktiviteiten en boekpromoasje)
- Projekten (grutte talige opdracht mei opdrachten foar selsstannich wurkjen)
- Skriuw- en staveringslessen en Meunstertún
- GRIP Evaluaasje-ynstruminten (metoade-ûnôfhinklike observaasjeynstruminten)
Organisaasje
Op ’en paad mei in plan
Yn it menu fan Spoar 8 is de Rûteplanner te finen tusken de oare ûnderdielen fan de metoade. De Rûteplanner befettet in fêste set fan 30 lesmominten per groep, dêr’t alle domeinen fan it Frysk yn oan bod komme. Plan de aktiviteit yn dy’t oan ’e beurt is en wurkje sa troch it skoaljier hinne mei in fariearre oanbod út alle domeinen fan it Frysk.
By it klearsetten fan de Rûteplanner foar dyn groep kin derfoar keazen wurde om ûnderdielen ta te foegjen of wei te litten. Sa is der ek de mooglikheid om in ûnderdiel fan de Rûteplanner te ferfangen troch in oare (Frysktalige) aktiviteit.
Hantliedingen
Differinsjaasje
Elkenien op syn eigen nivo
By alle ûnderdielen fan de Rûteplanner is in hantlieding. Dêryn wurde suggestjes jûn foar it oanpassen fan de aktiviteit oan it nivo fan de groep.
Evaluaasje
Observearje de yndividuele taalûntwikkeling
By in soad Taalaktiviteiten en Projekten wurde metoadeûnôfhinklike evaluaasjeynstruminten fan GRIP oanbean. Observearje dêrmei hoe’t de learlingen it Frysk brûke by de Taalaktiviteiten en/of Projekten.
Yn de Lêsline binne evaluaasjemominten opnaam om de ûntwikkeling fan it lêzen te folgjen.
Besjoch de learlingresultaten
Besjoch yn it resultate-oersjoch hoe’t de learlingen wurkje oan de ferskate opdrachten.