Begelieding
Moai dat jim oan ‘e slach wolle mei Spoar 8!
Mei Spoar 8 kinst ienfâldich mear dwaan mei it Frysk. Sa kinne jim oanslute by tema’s yn ‘e klasse, wurkje oan Fryske taaldoelen en learlingen helpe om it Frysk te brûken. Mei de fiif metoade-ûnderdielen –Temateek, Taalaktiviteiten, Lêsline, Projekten en Meunstertún – hat de metoade oanbod foar alle taalprofilen en wurket Spoar 8 mei oan jim Taalplan-ambysjes.
Begeliedende workshops
Om mear ynsjoch te krijen yn hoe’t Spoar 8 by jim op skoalle ynsetten wurde kin en sa past by it ûnderwiis by jim op skoalle, wurdt fergees in begeliedingstrajekt oanbean.
It begeliedingstrajekt bestiet út in tal praktyske workshops. De earste workshop komme der in metoade-ekpert fan Afûk en in taaladviseur fan Cedin by jim op skoalle om mei-inoar te sjen nei hoe’t Spoar 8 oanslút by jim oanpak en winsken.
Fia ûndersteande datumprikker kinsto in momint kieze dat foar jim geskikt is.
Wês der dan gau by, want fol is fol!
Utlisfilmkes
Om jim skoalle op wei te helpen yn de Spoar 8-omjouwing, hawwe wy koarte, praktyske útlisfilmkes makke.
Yn de filmkes wurdt koart útlein wat de mooglikheden binne fan Spoar 8, en hoe’t jim dy materialen ynsette kinne yn de klasse.