
Praat mar Toaniel!
Doch op in fleurige en ynspirearjende wize mear mei Fryske toanielteksten. It lêzen en spyljen fan dy teksten set oan ta mear Frysk lêzen, praten en mooglik skriuwen.
Doch mear mei Projekten
By de toanielboekjes Oz en Jungleboek fynst no ek Projekten yn Spoar 8. Sa slútst mei de metoade Frysk foar it basisûnderwiis oan by tema’s yn de klasse.

Projektopdracht út Oz

Nivo-opdracht út Oz
Projekten besteane út in grutte projektopdracht, ferdjipjende nivo-opdrachten op twa differinsjaasjenivo’s en ekstra lesmaterialen.

Oz
Foar groep 7
De ‘Wizard of Oz’ giet oer Dorothy, in famke dat der wat út leit op skoalle. Har ferskriklike libbentsje op skoalle feroaret ynienen troch wol hiel wûnderlike omstannichheden! Se belânet yn in lân mei heksen, tsjoenders en oare frjemde skepsels: OZ. Dêr slút se freonskip mei Blikjeman, Fûgelskrik en Leffe Liuw. Alle fjouwer ha se in doel en der is mar ien persoan dy’t harren der by helpe kin: de tsjoender fan Oz.
The Wonderful Wizard of Oz is in Amerikaansk berneboek út 1900, skreaun troch L. Frank Baum. It is al mear as hûndert jier lyn skreaun, mar dochs is it noch altyd hiel bekend. Dat komt om’t it boek yn in hiel soad talen oerset is en der films, toanielstikken en musicals fan makke binne.

Jungleboek
Foar groep 8
Mowgli, it wolvebern, belibbet yn de jungle in soad aventoeren mei bisten as Akela en Raksha (twa wolven), Bagheera (de swarte panter) en Baloe (de bear). Syn grutte fijân is Shere Khan, de tiger, dy’t it op syn libben fersjoen hat.
Rudyard Kipling (1865-1936) wie in skriuwer út Ingelân, mar hy is berne yn de Britse koloanje India. Hy wie in grutte fan fan de natuer en fan de bisten dêryn en skreau der graach ferhalen oer. Dy stienen yn syn The Jungle Book (út 1894) en letter ek yn The Second Jungle Book (1895).
Stap yn op Spoar 8
Noch gjin lisinsje foar Spoar 8? Probearje de metoade trije moanne sûnder ferplichtingen!