Projekten
Groep 5-8
Mei Projekten dochst mear mei it kombinearjen fan it Frysk mei oare fakken. Projekten besteane út in grutte projektopdracht, ferdjipjende nivo-opdrachten en ekstra lesmaterialen.
Didaktyk
Slút oan by tema’s yn de klasse
Slút mei Projekten oan by tema’s dêr’tst yn de klasse oan wurkest. Sa learst dyn learlingen op in betsjuttingsfolle wize Frysk. Boppedat wurdt it ienfâldiger om it Frysk mei oare fakken te kombinearjen (CLIL).
Oerienkomstige tema’s
Projekten sikest út oan ’e hân fan tema’s dy’t ek brûkt wurde yn oare (Nederlânsktalige) metoaden foar wrâldoriïntaasje.
Groep 5
Groep 6
Groep 7
Groep 8
Ik hâld fan de seizoenen!
oer de seizoenen
Hasto ferstân fan fytsen?
oer fytsen
Hoe wennesto?
oer huzen
Dit is myn sport!
oer sporten
Nei de merke!
oer de merke
Ynspiraasje genôch!
oer keunstners
Bisteboel!
oer bisten
Wêr boarten pake en
beppe mei?
oer boartersguod fan doe
Sa ha ik dat noch nea
besjoen!
oer byldtaal
It ferhaal achter de namme
oer de skiednis fan nammen
Fan idee nei útfi ering
oer bouwen
Wat is it hjir moai!
oer it lânskip
Om de tonne!
oer Fryske sporten
Op skoalreis!
oer skoalreiskes
Hokus pokus…
oer gûcheljen
Eefkes yn it waar sjen
oer it waar
Wat stie der by pake en
beppe op ’e tafel?
oer iten en drinken fan doe
Opfalle mei rym!
oer poëzy
Wat stiet der op ‘e planning?
oer de aginda
Meitsje it mei technyk!
oer beroppen
Hûs te keap!
oer hûzen ferkeapje
Lâns de line
oer ferslachjaan
Wêr silsto op traktearje?
oer traktaasjes
It doek giet iepen!
oer foarstellingen
By pake en beppe op skoalle
oer de skoalle fan doe
Oz
by Praat mar Toaniel!
Allegear taal!
oer meartaligens
Tiid foar de takomst!
oer de takomst
Ut watfoar hoeke waait
de wyn?
oer enerzjy
Dit is myn buert!
oer de eigen buert
Us klup is de bêste!
oer sportferieningen
Sa dogge wy dat hjir
oer tradysjes
Machtich moai museum
oer musea
De krêft fan ‘e natuer
oer natuerkrêften
Belibje it mei pake en beppe
oer it deistich libben fan doe
Jungleboek
by Praat mar Toaniel!
Wurkje doelfêst
Mei Projekten wurkest doelfêst oan de Fryske taal, want de grutte projektopdrachten binne keppele oan de taaldoelen út it referinsjeramt Frysk. Projekten kinst dêrom ek útsykje by ien fan de taaldoelen út it referinsjeramt Frysk.
Automatysk oersjoch
Utfierde Projekten wurde automatysk registrearre yn it referinsjeramt Frysk. Sa hast altyd in aktueel oersjoch fan de taaldoelen dêr’tst oan wurke hast.
Frysk yn funksjonele taalsituaasjes
Projektopdrachten geane altyd oer taalsituaasjes út de wrâld om ús hinne. Sa learst dyn learlingen Frysk dêr’t se wat mei kinne. Net allinnich yn Spoar 8, mar foaral ek yn de echte wrâld.
Organisaasje
Standert projektoanpak: in projekt yn trije stappen
Yn stap 1 yntrodusearrest it projekt. Besjoch mei-inoar de teaser, praat oer it tema en ferken de projektopdracht. Yn stap 2 ferdjipje de learlingen harren fierder yn it tema fan it projekt mei de nivo-opdrachten op twa differinsjaasjenivo’s. Dêrneist kin der wurke wurde oan wurdskat, stavering en grammatika mei de Meunstertún en moat der romte wêze foar it tarieden fan de projektopdracht. Stap 3 is it útfieren en evaluearjen fan de projektopdracht.
Opbou
Ynhâld
Organisaasje
Stap 1
Yntroduksje
Teaser en foarpetear
Utlis projektopdracht
Ekstra materiaal
Klassikaal
1 lesmomint*
Stap 2
Ferdjipping en tarieding
Acht nivo-opdrachten
Tarieding projektopdracht
Meunstertún
Selsstannich
2 lesmominten*
Stap 3
Utfiering en evaluaasje
Utfiering projektopdracht
Neipetear
Evaluaasje
Klassikaal
1 lesmomint*
*1 lesmomint is 30-45 minuten. De tiid dy’t in lesmomint nimt, is fansels ôfhinklik fan de oanpak en de omfang fan de ferskillende projektopdrachten.
Standert of eigen oanpak
Kies foar de standert projektoanpak of kombinearje de ferskillende ûnderdielen ta in eigen oanpak. Projekten binne hielendal oan te passen oan de situaasje yn de klasse.
Groepstrochbrekkend wurkje (yn kombinaasjegroepen)
Sykje foar de hiele groep ien projekt út en behannelje in jier letter in projekt oer itselde tema út in oanslutend learjier. Dat kin om’t yn projektopdrachten differinsjaasje op in natuerlike wize plakfynt. Learlingen fan ferskillende learjierren en taalnivo’s soenen dus hiel goed gearwurkje kinne.
Differinsjaasje
Natuerlik differinsjearje yn projektopdrachten
Learlingen kinne yn projektopdrachten altyd meidwaan op harren eigen nivo, want faak wurdt der yn in projektopdracht oan meardere taaldomeinen tagelyk wurke. Troch learlingen mei ferskillende taalnivo’s bewust mei-inoar gearwurkje te litten, sille se inoar op in natuerlike wize útdaagje om de Fryske taal hieltyd mear en better te brûken.
Wreidzje kennis en wurdskat út mei nivo-opdrachten
Mei nivo-opdrachten ferdjipje learlingen harren selsstannich fierder yn it tema fan in projekt. Ynstruksjes yn it Frysk én Nederlânsk en in soad audiofragminten helpe de learlingen om de opdrachten goed begripe te kinnen.
Giele óf blauwe nivo-opdrachten
Praat mei de learlingen ôf oft se de giele óf blauwe nivo-opdrachten meitsje. Giel is foar learlingen dy’t wat minder thús binne yn de Fryske taal, en mear taalfeardige learlingen kieze foar blau. De giele en blauwe nivo-opdrachten geane altyd oer itselde boarnemateriaal, mar de ferwurking fan de opdrachten ferskilt.
Brûk ek de Meunstertún
Neist de nivo-opdrachten kin ûnder it útfieren fan in projekt ek wurke wurde oan de Fryske wurdskat, stavering en grammatika. Brûk dêr de adaptive game Meunstertún en it bybehearrende staveringsmateriaal foar.
Evaluaasje
Lit learlingen sels evaluearje
Learlingen folje nei it útfieren fan de projektopdracht in selsevaluaasje yn. Oan ’e hân fan ferskillende ‘ik kin’-bewearingen sjogge de learlingen werom op it brûken fan it Frysk. Sa krije se mear eigenerskip oer it learen fan de Fryske taal.
Besjoch de learlingresultaten
Besjoch yn it resultate-oersjoch hoe’t de learlingen wurkje oan de nivo-opdrachten. Dêr binne ek de selsevaluaasjes werom te finen dy’t de learlingen ynfolle hawwe nei it útfieren fan de projektopdracht.
Observearje de taalûntwikkeling
By in soad Projekten wurde metoadeûnôfhinklike evaluaasjeynstruminten fan Grip oanbean. Observearje dêrmei hoe’t de learlingen it Frysk brûke ûnder it útfieren fan de projektopdracht.