Keimpe de Krokodil wol bern fan 4 o/m 8 jier en harren âlders en learkrêften stimulearje om te kiezen foar Fryske boeken en ferhalen.

Kinsto alles fine yn ‘e biblioteek?
Fergees lêsboekje!

Rinne mei Jep

Yn de Fryske Foarlêswike (26 o/m 30 oktober 2020) kinne bern fergees it lêsboekje Rinne mei Jep ophelje yn ‘e biblioteek. It lêsboekje is om foar te lêzen én om sels te lêzen!

Alle basisskoallen krije fergees de byhearrende lesbrief tastjoerd. Dêryn steane tips by it lêzen fan it ferhaal, (taal)aktiviteiten, in ferske en mear Fryske boeketips.

Keimpe de Krokodil en de haadpersoanen út it lêsboekje spylje ek in haadrol yn de Lêsline, de learline foar technysk Frysk lêzen út Spoar 8.

Dêrom (foar)lêze
yn it Frysk

Lêzen stimulearret de ûntwikkeling fan taal, de fantasy en de konsinstraasje. Bern dy’t fan jongs ôf oan fertroud makke binne mei (foar)lêzen, hawwe in gruttere wurdskat, binne taalfeardiger en begripe teksten better. Dat jildt foar alle talen, dus ek foar it Frysk. Bern dy’t harren memmetaal goed behearskje, kinne makliker in oare taal leare.

Keimpe yn Spoar 8

Spoar 8 is de metoade Frysk foar it basisûnderwiis. Besjoch ek hoe’t Keimpe de Krokodil dy yn de metoade helpe kin by it jaan fan it fak Frysk.

Ynteraktive Sykplaten

Groep 1 o/m 4

Mei Ynteraktive Sykplaten dochst doelfêst mear mei de Fryske wurdskat. Keimpe de Krokodil leart de learlingen hieltyd 20 Fryske wurden oan.

Lêsline

Groep 3 en 4

Mei de Lêsline dochst mear mei (technysk) lêzen yn it Frysk. Reizgje mei de learlingen lâns alle lessen. Keimpe de Krokodil leart de learlingen yn alle lessen in Fryske ‘letter’ oan.

Foarlêze en sels lêze

Groep 1 o/m 4

Mei de Fryske ferhaaltsjes út de Temateek dochst mear mei (foar)lêzen yn it Frysk. Sa ûnderfine learlingen hoe leuk (sels) lêze yn it Frysk wêze kin.