Temateek

Groep 1-8

Mei de Temateek dochst mear mei Fryske lesmaterialen by alderhande tema’s yn de klasse. Meitsje dêr dyn eigen Fryske lessen mei óf brûk de Fryske lesmaterialen by oare fakken.

Didaktyk

Slút oan by tema’s yn ’e klasse
Slút mei de Fryske lesmaterialen út de Temateek oan by tema’s dêr’tst yn ’e klasse oan wurkest. Sa learst dyn learlingen op in betsjuttingsfolle wize Frysk. Boppedat wurdt it ienfâldiger om it Frysk mei oare fakken te kombinearjen (CLIL).

Oerienkomstige tema’s
De hûnderten Fryske ferhaaltsjes, filmkes, ferskes, spultsjes, Ynteraktive Sykplaten en Taalaktiviteiten sikest út oan ’e hân fan tema’s dy’t ek brûkt wurde yn oare
Nederlânsktalige metoaden foar de ûnderbou en bygelyks wrâldoriïntaasje yn de boppebou.

Tema’s Groep 1-2

Tema’s Groep 3-4

Tema’s Groep 5-8

Feest en fiering
Ald en nij, Befrijingsdei, Brulloft, Merke, Falentynsdei,
Heite- en Memmedei, Jierdei, Keningsdei, Kryst, Peaske,
Sint-Marten, Sinteklaas

Frije tiid en ferbylding
Fakânsje, Fantasy en mearkes, Ferklaaie, Film en toaniel,
Kleuren en foarmen, Knutselje, Lêze, Muzyk, Sirkus, Sport

Ik en myn omjouwing
Apparaten, Beroppen, Berte, Dea, Gefoelens, Deistige
rûtinen, Doarp en stêd, Thús, Skoalle, Ferkear, Famylje en
freonen, Iten en drinken, Lichem en sûnens, Sintugen, Klean

Seizoenen en natuer
Beammen en blommen, Bisten, Bistetún, Buorkerij, Hjerst,
It waar, Maitiid, Simmer, Tiid en telle, Wetter, Winter

Hoe fielsto dy?

Hoe kin dat?

Wa bisto?

Wat beweecht dêr?

Wat fiersto?

Wat fynsto moai?

Wat ite wy hjoed?

Wat sjochsto om dy hinne?

Bliuw yn beweging!
over sûn leven, bewege
en sport

Brûk dyn taal!
over taal, meartalichheid,
literatuer, poëzy en
muzyk(teksten)

Fyn it út!
over technyk, ûntdekkingen
en útfiningen

Safolle minsken, safolle
gewoanten!

over kultuer, tradysjes,
boargerskip, religy en
beroppen

Sjoch om dy hinne!
over omjouwing,
ierdrykskunde en geakunde

Tiden hawwe tiden!
over skiednis, ferline, it no
en de takomst

Uterje dysels!
over keunst, muzyk, toaniel en
sosjaal-emosjonele tema’s

Wiis mei ús planeet!
over natuer, bisten, miljeu,
klimaat en it heelal

Handich! Spoar 8 hâldt automatysk foar dy by oan watfoar taaldoelen asto wurke hast.

Wurkje doelfêst
Brûk Taalaktiviteiten as útgongspunt foar it meitsjen fan dyn eigen Fryske lessen. Sa wurkest doelfêst oan de Fryske taal, want Taalaktiviteiten binne keppele oan de taaldoelen út it referinsjeramt Frysk. Taalaktiviteiten kinst dêrom ek útsykje by ien fan de taaldoelen út it referinsjeramt Frysk.

Automatysk oersjoch
Utfierde Taalaktiviteiten wurde automatysk registrearre yn it referinsjeramt Frysk. Sa hast altyd in aktueel oersjoch fan de taaldoelen dêr’tst oan wurke hast.

Frysk yn funksjonele taalsituaasjes
Taalaktiviteiten geane altyd oer taalsituaasjes út de wrâld om ús hinne. Sa learst dyn learlingen Frysk dêr’t se wat mei kinne. Net allinnich yn Spoar 8, mar foaral ek yn de echte wrâld.

Organisaasje

Sykje ienfâldich lesmaterialen út
Iepenje in tema dat oanslút by it tema dêr’tst yn ’e klasse oan wurkest. De Fryske lesmaterialen sikest dêrnei út yn ferskillende kategoryen. Lesmaterialen útsykje mei help fan it sykfinster kin fansels ek.

Meitsje dyn eigen Fryske lessen
Gean op syk nei lesmaterialen dy’t passe by dyn eigen (taal)doelen óf kies in geskikte taalaktiviteit as útgongspunt foar dyn Fryske les. By alle Taalaktiviteiten fynst bybehearrende lesmaterialen út de Temateek. Guon lesmaterialen hast beslist nedich om Taalaktiviteiten goed útfiere te kinnen, oare lesmaterialen kinne in moaie oanfolling wêze.

Brûk dyn Fryske lessen klassikaal én selsstannich
Brûk de Fryske lessen dy’tsto makke hast klassikaal troch de ynhâld ienfâldich op it digiboerd te toanen. De lessen steane ek automatysk klear yn it akkount fan de learlingen. Sa kinst learlingen selsstannich wurkje litte mei bygelyks spultsjes of Ynteraktive Sykplaten op harren tablet of kompjûter.