faak stelde fragen

Algemien

1Wat kostet de metoade?
Spoar 8 kostet 5,90 de learling it jier. De Provinsje jout elke skoalle yn Fryslan alle jierren in bedrach foar it oanskaffen fan Fryske learmiddelen. De skoalle kriget fan de Provinsje 6,60 de learling it jier.
2Op watfoar wizen kin de metoade brûkt wurde?
De metoade kin op in oantal ferskillende manieren brûkt wurde. Der binne klassikale lessen foar op it digiboerd. Foar de selsstannige wurklessen kinne learlingen digitaal wurkje op tablets, kompjûters en laptops. De wurking fan de metoade fia Snappet is net optimaal troch de kwaliteit en snelheid fan de tabelts dy't brûkt wurde by dizze metoade. Ofhinklik fan it tal apparaten kinne alle bern digitaal wurkje, of kin der bygelyks wurke wurde mei in rûlaasjesysteem. De dosint kin ek printsjes meitsje fan lesmaterialen of tema’s, sadat de learlingen op papier wurkje kinne.
3Wat moat der dien wurde foardat wy as learkrêft mei de learlingen fan start kinne?
Nei it pleatsen fan de bestelling ûntfange jim fan ús in befêstiging. Is jim skoalle nij mei de metoade, dan komme wy graach by jim lâns om it team útlis te jaan oer it ynsetten fan Spoar 8. Fan ús ûntfange jim ynlochgegevens foar de learkrêften. Fierder sille de learlinggegevens ferwurke wurde moatte yn it systeem.
4Moat foar elke learling betelle wurde?
Ja, de priis fan de metoade is ôfhinklik fan it tal learlingen dat mei Spoar 8 wurket. De priis is bewust oan de lege kant om it foar de skoallen betelber te hâlden. Ek as net alle learlingen digitaal wurkje mei de metoade, jildt de priis per learling.
5Oan watfoar taaldoelen wurket Spoar 8?
Mei de taalaktiviteiten foar de ûnderbou en de einopdrachten foar de midden- en boppebou wurkje de learlingen oan de taaldoelen fan it Referinsjeramt Frysk. Dat binne algemiene taaldoelen op it mêd fan harkjen, lêzen, skriuwen, sprekken en yn petear gean. Spoar 8 hâldt by oan watfoar doelen oft wurke is. De learkrêft kin in taalaktiviteit of einopdracht kieze dy’t past by tema dêr’t oan wurke wurdt. Oarsom wurkje kin ek, dan kiest de learkrêft in taaldoel út en wurdt de byhearrende taalaktiviteit of einopdracht klearsetten foar de learlingen.
6Wat is Grip?
Mei de metoade-ûnôfhinklike toetsen fan Grip kin de Fryske taalûntwikkeling fan de learlingen folge wurde. Binnen Grip binne observaasje-yntruminten, wurdskat- en lêsbegryptoetsen beskikber. Grip is ynbegrepen by Spoar 8.
7Kinne wy help krije by de ymplemintaasje fan Spoar 8?
Alle nije skoallen krije fan ús in startworkshop. Yn dizze workshop wurdt útlein hoe’t de metoade der útsjocht en hoe’t de dosinten der mei wurkje kinne. Mochten jim al in skoftsje mei Spoar 8 wurkje, mar noch tsjin saken oanrinne of ferlet hawwe fan in workshop dan kinne jim dat oanjaan fia it bestelformulier of troch kontakt op de nimmen mei de Afûk. Foar alle fragen of opmerkingen oangeande Spoar 8 kinne jim maile nei spoar8@afuk.nl of belje mei de Afûk op nûmer 058 -234 30 70

Underbou

1Wat binne de belangrykste skaaimerken fan de ûnderboufariant?
Spoar 8 foar de ûnderbou wurket tematysk en slút oan by oare ûnderboumetoaden, lykas Schatkist en Kleuterplein. Der binne 48 tema’s, bygelyks: de seizoenen, feesten, sport, it lichem ensafh. Spoar 8 jout tagong ta mear as tûzen ferhalen, ferskes, wurdlisten en sykplaten. De ûnderboudosint kin sels syn/har Fryske les gearstalle by it tema dêr’t yn de klasse oan wurke wurdt. Yn de foarm fan taalaktiviteiten wurdt in grut tal ideeën jûn om mei de learlingen oan en yn it Frysk te wurkjen. De taalaktiviteiten binne keppele oan de taaldoelen fan it referinsjeramt Frysk (rrF). Sjoch hjir foar mear ynfo
2Wat bart der mei myn makke lessen yn it nije skoaljier?
At in dosint bygelyks in les makke hat by it tema maitiid of Sinteklaas kin dizze yn it nije skoaljier wer brûkt wurde. Alle lessen wurde opslein yn it ‘argyf’ en kinne yn it nije skoaljier wer aktivearre wurde. Dat skeelt in soad tiid.
3Kin der yn de ûnderbou sawol klassikaal as selsstannich wurke wurde?
Dat kin. De ûnderboufariant rjochtet harren foaral op it wurkjen fia it digiboerd. De dosint set in les klear en behannelet dizze klassikaal. Ek de taalaktiviteiten binne faak klassikale opdrachten, wêryn fansels wol differinsearre wurde kin per learling. Learlingen kinne ek selstannich mei de digitale materialen oan de slach. De dosint kin it materiaal - bygelyks in ferske, in fimke of in ynteraktive sykplaat - foar de bern klearsette.
4Kin ik myn lessen ek diele mei in kollega?
Lessen kinne dield wurde mei kollega’s op skoalle. Dit bart automatysk as jim beide oan deselde klasse keppele binne en kin oanjûn wurde by it oanmeitsjen fan in les. Dyn les sil dan automatysk yn it lesoerjsoch fan dyn kollega ferskine.

Groep 3-4

1Wannear komt it nije materiaal foar groep 3 en 4 beskikber?
Der wurdt op dit stuit wurke oan in nije metoadefariant foar groep 3 en 4. Dit wurdt dien yn gearwurking mei dosinten. Yn skoaljier 2018-2019 sil der in pilot draaid wurde mei it nije materiaal. Oan de hân fan de testresultaten sil de metoade oanpast wurde en beskikber makke wurde foar skoaljier 2019-2020. Wolle jim as earste wurkje mei it metoademateriaal en dit foar ús teste? Jou jim dan fia it bestelformulier op foar de pilot dy’t yn it nije skoaljier fan start gean sil. Hawwe jim al besteld en dochs ynteresse om mei te dwaan oan de pilot? Nim dan kontakt op fia spoar8@afuk.nl of belje mei de Afûk op nûmer 058 -234 30 70.
2Kinne wy Spoar 8 ek brûke foar groep 3 en 4? Hoe dan?
De ûnderboufariant fan Spoar 8 biedt in see oan digitale materialen foar groep 1 o/m 4. Guon materialen binne mear geskikt foar jongere bern – tink oan de ferhaaltsjes fan Tomke – en oare materialen binne mear geskikt foar âldere bern – tink oan de útstjoerings fan WitWat. Der binne foldwaande materialen foar de doelgroep 3-4 yn de lessebouwer oanwêzich. Dêrneist kin in grut oantal taalaktiviteiten goed brûkt wurde yn groep 3 en 4. Yn de omskriuwing fan de taalaktiviteiten wurde suggestjes foar differensjaasje dien. Sa kinne taalaktiviteiten oanpast wurde oan de doelgroep. Yn bygelyks in kombinaasjegroep 4/5 soe groep 4 ek meidwaan kinne mei it materiaal foar groep 5. De learkrêft kin dan foar it selstannich wurkjen in seleksje meitsje fan geskikte materialen foar groep 5.

Midden- / Boppebou

1Wat binne de belangrykste skaaimerken fan de midden- en boppeboufariant?
Dizze fariant is opboud út ferskillende tema’s. Elts tema bestiet út fjouwer lessen mei in fêste opbou. Les 1 is de yntroduksjeles, les 2 en 3 binne de selsstannige wurklessen en les 4 stiet yn it teken fan de útfiering fan de einopdracht (Tram- of Treinopdracht). Foar de selsstannige wurklessen binne der twa differinsjaasjenivo’s. Stavering, wurdskat en grammatika wurdt oanbean fia de adaptive game de Meunstertún. Mei de Tram- en Treinopdrachten wurdt wurke oan de taaldoelen foar it Frysk. De einopdrachten binne keppele oan it referinsjeramt Frysk (rrF). Sjoch hjir foar mear ynformaasje.
2Op watfoar wize kin der mei Spoar 8 wurke wurde oan stavering en grammatika?
Yn de game ‘Meunstertún’ wurkje learlingen oan wurdskat, stavering en grammatika fan it Frysk. Meunstertún is in digitale game wêrmei’t learlingen yndividueel en op harren eigen nivo wurkje oan de stavering, wurdskat en grammatika. Yn de game binne de spilers ferantwurdlik foar in soarte fan bistetún, mar dan mei meunsters. Dy meunsters hawwe allegearre winsken; sa wolle sy boeken lêze, nei muzyk lústerje of iten hawwe. As sy dat net krije, wurde sy ûntefreden. Om dat allegear te regeljen foar de meunsters, moatte de learlingen taalgames spylje. De learling wurket oan saken as: koarte en lange lûden; twalûden; rymje; wurdskat; sprekwurden en synonimen; tiidwurden; sinsûntleding en skriuwen. Grammatika- en staveringsregels wurde útlein en nei elke oefening wurdt útlein wat der eventueel fout gien is. Nei oanlieding fan de resultaten fan de learlingen kin de learkrêft ekstra oefenmateriaal foar de stavering klearsette foar yndividuele of groepen learlingen, wêrtroch spesifike staveringskategoryen ekstra oandacht krije kinne.
3Hoe wurkje ik mei in kombinaasjegroep?
De learkrêft kin kieze wêr’t hy of sy mei oan ’e slach wol. De tema’s en opdrachten binne foar meardere learjierren geskikt. By in kombinaasjegroep 5-6 kin yn ien jier de metoade foar groep 5 brûkt wurde en yn it jier dêrnei it materiaal fan groep 6.
4Is differinsjaasje mooglik?
Spoar 8 hat ferskillende mooglikheden om te differinsjearjen. Wat de stavering, wurdskat en grammatika oangiet, wurkje de learlingen mei de edukative game Meunstertún op harren eigen nivo en yn harren eigen tempo. Foar de selsstanniche wurklessen binnen in tema binne der twa nivo’s; it giele en it blauwe nivo. Giele opdrachten binne mear reseptyf (foaral prate en lêze en wat ienfâldiger) en blauwe opdrachten binne mear produktive aktiviteiten (mear skriuwe en is wat dreger). Binnen de Tram- en de Treinopdrachten kin differinsjearre wurde troch de ferskillende taken binnen ien opdracht oan de mear of minder Frysktalige learlingen ta te wizen.
5Wat is it ferskil tusken in Tram- en in Treinopdracht?
Foar elk subtema (b.g. ‘Merke’ binnen it tema ‘Feest’) binne der twa einopdrachten. De dosint kiest ien fan beide opdrachten. De Tramopdracht is net makliker of dreger as de Treinopdracht, mar ferget wat oars fan de organisaasje. De Tramopdracht kin makliker binnen de klasse of binnen de skoalle organisearre wurde (bgl in waarberjocht meitsje). By de Treinopdracht wurdt faker in berop dien op de omjouwing. Bgl in kuier troch de buert mei in opdracht, in ynterview mei in sporter of in besite oan in museum. Dit ferget wat mear organisaasje, mar makket de taaltaak faak ek wat autentiker. Fansels kin de kar foar in einopdracht ek makke wurde op basis fan it domein of de doelen dêr’t mei dy opdracht oan wurke wurdt (byg. it meitsjen fan in gedicht (Skriuwen) ynstee fan it hâlden fan in moadeshow (Praten)). De Tram- en Treinopdrachten binne allegear keppele oan it referinsjeramt Frysk mar stean ek klear by elts tema.

Oare fragen oer de metoade?

Frisian