Faak stelde fragen
Antwurden op fragen oer Spoar 8 dy’t faak foarkomme.
Bestelle
Hoe kin ik de skoalle oanmelde foar de metoade?
De metoade kin hjir fergees oanfrege wurde.
Wy hawwe ferline skoaljier ek wurke mei de metoade, moat ik op’e nij oanmelde?
Nee dat is net nedich. As de skoalle ferline skoaljier ek wurke hat mei de metoade rint de oanmelding troch.
Wa moat ik trochjaan as skoalbehearder?
De skoalbehearder kriget de rjochten om de digitale learomjouwing yn te rjochtsjen foar de skoalle. It is handich om ien troch te jaan dy’t ek tagong hat ta de learlingadministraasje foar it oanmeitsjen fan in EDEXML-bestân.
Kinne alle learlingen ynlogge by de metoade?
Ja. Alle learlingen hawwe in persoanlik akkount foar Spoar 8. Yn de digitale learomjouwing wurde alle learlingresulaten opslein (en meinaam nei it folgjende learjier). Yn de ûnderbou sille de learlingen faak noch net selsstannich ynlogge, hjir wurde lessen klassikaal makke. Aldere learlingen kinne digitaal opdrachten meitsje yn de learomjouwing, sa krijst as learkrêft ynsjoch yn alles wat learlingen dogge en leare ûnderweis.
Ynlogge
Hoe kin ik as dosint ynlogge?
As learkrêft ûntfangsto in persoanlike koade dy’t keppele is oan dyn e-mailadres. Hasto as learkrêft noch gjin koade, dan kin de skoalbehearder op dyn skoalle der ien foar dy oanmeitsje. Of nim kontakt op mei de Afûk.
Hoe kinne de learlingen ynlogge?
De learlingen logge yn oan de hân fan de groepsynloch. Dit is in kombinaasje fan twa plaatsjekoades. De groepskoade is unyk foar alle klassen en wikselt alle skoaljierren.
Kinne de learlingen ynlogge fia Basispoort?
Nee, ynlogge fia basispoort is net mooglik.
Oriïntaasje
Is in ynformaasjegesprek op lokaasje mooglik?
Wy komme graach by jim del op skoalle om mei-inoar de mooglikheden fan de metoade foar jim skoalle te besjen. Nim hjirfoar kontakt op mei de Afûk om frijblieuwend in ôfspraak te meitsjen. Nei it oanmelden foar de metoade, komme wy foar in wurkwinkel op skoalle, om mei it folsleine team te sjen nei de ymplemintaasje fan Spoar 8 op jim skoalle.
Ymplemintaasje
Startworkshop
De yntroduksjeworkshop is in ferplichte ûnderdiel foar nije skoallen dy’t oan de slach wolle mei de metoade. Yn gearwurking mei Cedin is der dan oandacht foar fisy en it taalbelied fan de skoalle en besjogge wy de de mooglikheden hoe’t Spoar 8 hjir op oanslute kin. Nei de workshop kinst as learkrêft fuort mei Spoar 8 oan de slach.
Ferfolchworkshop
Yn in ferfolchworkshop wurdt fierder yngien op de mooglikheden fan de digitale learomjouwing en is der romte foar spesifike fragen.
Ekstra workshop
Is jim skoalle al in oantal jierren oan de slach mei Spoar 8? Ek dan komme wy graach nochris del, as der ferlet fan is!
Bygelyks om’t jim as skoalle mear út de metoade helje wolle. Of om’t der in soad nije learkrêften binne dy’t noch net earder mei de metoade wurke hawwe.
Systeemeaksen
Wurket de metoade op alle apparaten?
De digitale learomjouwing fan de metoade is sa ûntwikkele dat er op de measte apparaten goed wurket. Mar der binne altyd meardere saken dy’t wichtich binne foar it goed funksjonearjen fan de digitale learomjouwing. Tink bygelyks oan de snelheid fan de ynternetferbining en de dekking fan it WIFI-netwurk op de skoalle. Dit ferskilt per skoalle en hjir kinne wy gjin garânsjes oer jaan.
Wurket de metoade ek op Snappet?
Wy biede gjin technyske stipe foar de metoade as dy ynsetten wurdt op Snappet tablets. De technyk fan de tablets is ferâldere en yn de ôfrûne jierren hawwe wy ûnderfûn dat de metoade dêrtroch net goed wurket fia Snappet.
Untwikkelingen
Wurdt der noch wurke oan de metoade?
Daagliks wurdt der wurke oan ferbetteringen, sawol technysk as ynhâldlik. Tink hjirby oan it up-to-date hâlden fan de befeiliging en de server, mar ek it aktualisearjen fan de ynhâld. Der wurde hieltyd nije lesmaterialen tafoege oan de metoade!
Is de digitale learomjouwing altyd berikber?
De digitale learomjouwing is altyd berikber, útsein de mominten dat der ûnderhâld plakfynt oan de server. Wy besykje om oanpassingen oan it systeem troch te fieren op mominten dat skoallen der net mei wurkje. Dit betsjut dat ûnderhâld faak plak fynt op jûntiden, wykeins of yn de fakânsjes om oerlêst ta in minimum te beperken.
