Taalaktiviteiten

Groep 1-8

Mei Taalaktiviteiten dochst doelfêst mei it Frysk. De stap-foar-stap beskriuwingen en bybehearrende lesmaterialen út de Temateek meitsje dat hiel ienfâldich.

Didaktyk

Slút oan by tema’s yn ’e klasse
Slút mei Taalaktiviteiten oan by tema’s dêr’tst yn ’e klasse oan wurkest. Sa learst dyn learlingen op in betsjuttingsfolle wize Frysk. Boppedat wurdt it ienfâldiger om it Frysk mei oare fakken te kombinearjen (CLIL).

Oerienkomstige tema’s
Taalaktiviteiten sikest út oan ’e hân fan tema’s dy’t ek brûkt wurde yn oare (Nederlânsktalige) metoaden foar de ûnderbou. Tink oan Schatkist, Kleuterplein, Veilig leren lezen en Lijn 3.

Tema’s Groep 1-2

Tema’s Groep 3-4

Tema’s Groep 5-8

Feest en fiering
Ald en nij, Befrijingsdei, Brulloft, Merke, Falentynsdei,
Heite- en Memmedei, Jierdei, Keningsdei, Kryst, Peaske,
Sint-Marten, Sinteklaas

Frije tiid en ferbylding
Fakânsje, Fantasy en mearkes, Ferklaaie, Film en toaniel,
Kleuren en foarmen, Knutselje, Lêze, Muzyk, Sirkus, Sport

Ik en myn omjouwing
Apparaten, Beroppen, Berte, Dea, Gefoelens, Deistige
rûtinen, Doarp en stêd, Thús, Skoalle, Ferkear, Famylje en
freonen, Iten en drinken, Lichem en sûnens, Sintugen, Klean

Seizoenen en natuer
Beammen en blommen, Bisten, Bistetún, Buorkerij, Hjerst,
It waar, Maitiid, Simmer, Tiid en telle, Wetter, Winter

Hoe fielsto dy?

Hoe kin dat?

Wa bisto?

Wat beweecht dêr?

Wat fiersto?

Wat fynsto moai?

Wat ite wy hjoed?

Wat sjochsto om dy hinne?

Bliuw yn beweging!
over sûn leven, bewege
en sport

Brûk dyn taal!
over taal, meartalichheid,
literatuer, poëzy en
muzyk(teksten)

Fyn it út!
over technyk, ûntdekkingen
en útfiningen

Safolle minsken, safolle
gewoanten!

over kultuer, tradysjes,
boargerskip, religy en
beroppen

Sjoch om dy hinne!
over omjouwing,
ierdrykskunde en geakunde

Tiden hawwe tiden!
over skiednis, ferline, it no
en de takomst

Uterje dysels!
over keunst, muzyk, toaniel en
sosjaal-emosjonele tema’s

Wiis mei ús planeet!
over natuer, bisten, miljeu,
klimaat en it heelal

Handich! Spoar 8 hâldt automatysk foar dy by oan watfoar taaldoelen asto wurke hast.

Wurkje doelfêst
Mei Taalaktiviteiten wurkest doelfêst oan de Fryske taal, want Taalaktiviteiten binne keppele oan de taaldoelen út it referinsjeramt Frysk. Taalaktiviteiten kinst dêrom ék útsykje by ien fan de taaldoelen út it referinsjeramt Frysk.

Automatysk oersjoch
Utfierde Taalaktiviteiten wurde automatysk registrearre yn it referinsjeramt Frysk. Sa hast altyd in aktueel oersjoch fan de taaldoelen dêr’tst oan wurke hast.

Spoar 8 - Taalaktiviteiten yn it referinsjeramt Frysk

Frysk yn funksjonele taalsituaasjes
Taalaktiviteiten geane altyd oer taalsituaasjes út de wrâld om ús hinne. Sa learst dyn learlingen Frysk dêr’t se wat mei kinne. Net allinnich yn Spoar 8, mar foaral ek yn de echte wrâld.

Organisaasje

Ienfâldich oan ’e slach
In oersjoch fan taaldoelen dêr’tst oan wurkest, in ynskatting fan de tiid en in stap-foar-stap beskriuwing fan de aktiviteit helpe dy om Taalaktiviteiten ienfâldich útfiere te kinnen.

Spoar 8 - Hantlieding fan in taalaktiviteit

De wurkfoarmen binne ôfhinklik fan it tema en de taaldomeinen der’tst oan wurkest.

Wikseljende wurkfoarmen
Faak is in útstjoering fan SkoalTV of in nijsgjirrich ferhaal út de Temateek de oanlieding om yn de kring of yn lytse groepkes mei-inoar oan ’e slach te gean. De wurkfoarmen dy’t folgje, binne ôfhinklik fan it tema en de taaldomeinen dêr’tst oan wurkest.

Kies út bybehearrende lesmaterialen
By alle Taalaktiviteiten fynst bybehearrende lesmaterialen út de Temateek. Guon lesmaterialen hast beslist nedich om Taalaktiviteiten goed útfiere te kinnen, oare lesmaterialen kinne in moaie oanfolling wêze.

Brûk it lesmateriaal klassikaal én selsstannich
Brûk de lesmaterialen dy’tsto útsocht hast klassikaal troch se ienfâldich op it digiboerd te toanen. De lesmaterialen steane ek automatysk klear yn it akkount fan de learlingen. Sa kinst learlingen selsstannich wurkje litte mei bygelyks spultsjes of Ynteraktive Sykplaten op harren tablet of kompjûter.

Differinsjaasje

Elkenien op syn eigen nivo
By alle Taalaktiviteiten fynst differinsjaasjedoelen en suggestjes om rekken hâlde te kinnen mei ferskillende taaleftergrûnen yn dyn groep.

Spoar 8 - Differinsjaasjedoelen yn Taalaktiviteiten

Evaluaasje

Observearje de yndividuele taalûntwikkeling
By in soad Taalaktiviteiten wurde metoadeûnôfhinklike evaluaasjeynstruminten fan Grip oanbean. Observearje dêrmei hoe’t de learlingen it Frysk brûke by de taalaktiviteit.

Spoar 8 - Grip observaasje-ynstrumint yn Taalaktiviteiten