Nij skoaljier

In nij skoaljier is in nije start. Wy helpe dy graach by it opstarten fan it skoaljier!

Doch it sa

Stap 1:
Learomjouwing ynrjochtsje

Rjochtsje ienfâldich de digitale learomjouwing yn mei in EDEXML-bestân út it learlingadministraasje-systeem.

Let op: Spoar 8 kin pas brûkt wurde as de digitale learomjouwing ynrjochte is!

Stap 2:
Workshop oanfreegje

Freegje fergees in workshop oan as der ferlet fan útlis en begeleiding is.
Wy komme dan op skoalle útlis jaan oer de metoade en it brûken fan de digitale learomjouwing.

Stap 3:
Kieze en tariede

Lês de ynformaasjegidsen en kies de metoade-ûnderdielen dy’t jim as skoalle brûke wolle.

Tip: brûk ek de Sprinters, stappeplannen op ien A4’ke!

Nij yn de digitale learomjouwing

Filterje foar dyn groep

Sykje it dêr’tst it ferwachtest

Lit dy ynspirearje

Plan foar dyn groep

Brûk de EDEXML ymport

Lear mear oer de metoade

Ynformaasjegidsen

Eftergrûnynformaasje

Sprinters GRIP

Snelstart-stappeplannen op ien A4’ke

Faak stelde fragen

Wat is in skoalbehearder?
De skoalbehearder is de kontaktpersoan foar de metoade en hat rjochten foar it ynrjochtsjen fan de digitale learomjouwing. Op alle skoallen is der ien skoalbehearder, dizze persoan is by it bestellen fan de metoade trochjûn.

Wa is de skoalbehearder?
Yn it skoalbehear fan de digitale learomjouwing is te sjen wa’t foar jim skoalle de skoalbehearder is.

Kin der in oare persoan skoalbehearder wurde?
Ja, dat kin. Nim hjirfoar kontakt op mei de Afûk fia 058 234 30 70 of spoar8@afuk.frl.

Wêr fyn ik it EDEXML bestân fan de de skoalle?
In EDEXML-bestân kin eksportearre wurde fanút it learlingadministraasjesysteem.

Hoe bepaal ik hokker learlingen ynladen wurde moatte?
Yn goun gefallen kinst by it eksportearjen fan in EDEXML-bestân al oanjaan hokker groepen as der yn opnaam wurde moatte.
Kin dat by jim learlingadministraasjessyteem net, dan kin by it ynladen fan it EDEXML-bestân yn de digitale learomjouwing oanjûn wurde hokker groepen as der ynladen wurde moatte.

Kin ik help krije?
Fansels helpe wy dy graach by it goed opstarten fan it nije skoaljier!
Der is in stappeplan foar it ynrjochtsjen fan de digitale learomjouwing. En der binne hantliedingen oer ferskate ûnderdielen fan de metoade.
Utlis oer de metoade op skoalle kin ek, freegje dêr in workshop foar oan.
Hast oare fragen? Nim dan kontakt op mei de Afûk.