Dêrom Spoar 8

Mei Spoar 8 dochst ienfâldich mear mei it Frysk. Troch oan te sluten by tema’s yn ‘e klasse, doelfêst te wurkjen en learlingen Frysk te learen yn funksjonele taalsituaasjes. En mei fiif metoade-ûnderdielen kinst altyd mear dwaan ast as skoalle fierder komme wolst mei it taalprofyl. Doch mear mei it Frysk, Stap yn op Spoar 8.

Slút oan by tema’s yn de klasse

Slút mei Projekten, Taalaktiviteiten en de Fryske lesmaterialen út de Temateek oan by tema’s dêr’tst yn de klasse oan wurkest. Sa learst dyn learlingen op in betsjuttingsfolle wize Frysk. Boppedat wurdt it ienfâldiger om it Frysk mei oare fakken te kombinearjen (CLIL).

Wurkje doelfêst

Mei Spoar 8 wurkest doelfêst oan de Fryske taal. Taalaktiviteiten en projektopdrachten binne keppele oan de taaldoelen út it referinsjeramt Frysk. Spoar 8 hâldt automatysk foar dy by oan watfoar taaldoelen asto wurke hast.
Mei de Lêsline en Meunstertún learst dyn learlingen Frysk lêzen en staverjen oan ’e hân fan in learline.

Fanút funksjonele taalsituaasjes

Taalaktiviteiten en projektopdrachten geane altyd oer taalsituaasjes út de wrâld om ús hinne. Sa learst dyn learlingen Frysk dêr’t se wat mei kinne. Net allinnich yn Spoar 8, mar foaral ek yn de echte wrâld. Dan slagget it straks alle learlingen om Frysk mei de fytsmakker te praten, in útstjoering fan Omrop Fryslân te begripen of mei harren freonen te appen yn it Frysk.