Dêrom Spoar 8

Dêrom Spoar 8

Lear dyn learlingen de Fryske taal tematysk en digitaal yn funksjonele taalsituaasjes. Sa kriget de taal betsjutting yn de wrâld om harren hinne.

Spoar 8 is tematysk

In Temateek mei in ferskaat oan Frysk en tematysk lesmateriaal is der foar groep 1-2 en 3-4. Set dyn eigen Fryske lessen ynelkoar óf brûk it Fryske lesmateriaal by oare fakken.

Koarte tematyske Lessesearjes mei opdrachten op twa differinsjaasjenivo’s en in grutte talige einopdracht binne der foar groep 5-8.

Spoar 8 is digitaal

In digitale learomjouwing as lesmetoade. Tiidsbesparjend en ynteraktyf.

Taalaktiviteiten foar de ûnderbou en Tram- en Treinopdrachten foar de boppebou wurde automatysk yntsjekt op it referinsjeramt Frysk (rrF). Sa hast altyd in aktueel oersjoch fan de doelen dêr’tst oan wurkest.

Meunstertún is in adaptive game foar it oanlearen fan wurdskat, stavering en grammatika. Dêrmei wurkje learlingen yn de boppebou altyd op harren eigen nivo.

Spoar 8 is funksjoneel

De Fryske taal wurdt yn de metoade altyd brûkt yn situaasjes út de wrâld om ús hinne, want it goed oanlearen fan in taal kriget pas betsjutting yn dy funksjonele taalsituaasjes.