Doch mear mei it Frysk
De metoade Frysk foar it basisûnderwiis
Spoar 8 bestiet út fiif ûnderdielen. Besjoch hoe’t Temateek, Taalaktiviteiten, Lêsline, Projekten en Meunstertún helpe kinne by it jaan fan it fak Frysk.
Temateek
Groep 1-8
Doch mear mei Fryske lesmaterialen by allerhande tema’s yn de klasse
Projekten
Groep 5-8
Doch mear mei projekten dy’t it Frysk mei oare fakken kombinearje
Taalaktiviteiten
Groep 1-8
Doch ienfâldich mear mei doelfêste Fryske aktiviteiten
.
Meunstertún
Groep 5-8
Doch mear mei wurdskat, stavering en grammatika yn in game
Lêsline
Groep 3-4
Doch mear mei lêzen yn it Frysk
.
.
Rûteplanner
Groep 1-8
De Rûteplanner wiist dy it paad troch dyn Fryske lessen!
Dêrom Spoar 8
Kombinaasjetips!
Berneboeke-ambassadeur
De Fryske Berneboeke-ambassadeur set har yn om lês- en boekewille te fersprieden. De BBA bringt dêrfoar Fryske berneboeken en Frysk lêzen ûnder de oandacht en jout de promoasje fan berneboeken in gesicht.
Boekekiste fan de Afûk
Bestel in boekekiste mei de nijste Fryske berneboeken. Besjoch de boeken 14 dagen en skaf se oan as de boeken de muoite wurrich binne. De boekekiste wurdt fergees brocht en wer ophelle troch de Afûk.
Praat mar Toaniel!
Doch op in fleurige en ynspirearjende wize mear mei Fryske toanielteksten. It lêzen en spyljen fan dy teksten set oan ta mear Frysk lêzen, praten en mooglik skriuwen.
Brûk de toanielteksten los of kombinearje se mei Projekten út Spoar 8.